Provinciaal blad van Fryslân
Datum publicatie | Organisatie | Jaargang en nummer | Rubriek |
---|---|---|---|
Fryslân | Provinciaal blad 2016, 93 | Verordeningen |
Zoals vergunningen, bouwplannen en lokale regelgeving.
Adressen en contactpersonen van overheidsorganisaties.
U bent hier:
Datum publicatie | Organisatie | Jaargang en nummer | Rubriek |
---|---|---|---|
Fryslân | Provinciaal blad 2016, 93 | Verordeningen |
Regeling fan 15 desimber 2015 foar wiziging fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân
Deputearre Steaten fan Fryslân,
mei it each op de Algemiene Subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013,
fêst te stellen de neikommende regeling foar wiziging fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân;
Haadstik 1 Algemiene bepalings
Kêst 1.1 komt der sa út te sjen:
play-offwedstriden: wedstriden nei ôfrin fan de reguliere kompetysje fan de feriening, mei ien fan de neikommende doelen: útmeitsje wa’t / hokker tiim (nasjonaal) kampioen wurdt; útmeitsje wa’t / hokker tiims promovearje of degradearje sille; útmeitsje wa’t / hokker tiim yn in ynternasjonale kompetysje útkomme mei;
útjefte-oerienkomst: oerienkomst tusken auteur en útjouwerij oangeande de eksploitaasjerjochten op de publikaasje dêr’t op syn minst de bepalings oer it royalty-persintaazje en de lisinsje yn oerienkommen binne, sa’t dat bygelyks yn it Modelkontrakt GAU/VvL regele is foar de útjefte fan oarspronklik Nederlânsktalich literêr wurk;
Paragraaf 2.1 wurdt wizige, sadat dy der sa út komt te sjen:
Paragraaf 2.1 Frysktalige literatuer
It subsydzje hat te’n doel om it skriuwen fan oarspronklike Frysktalige fiksje, non-fiksje en toanielstikken te befoarderjen.
Kêst 2.1.2 Subsidiabele aktiviteiten
Subsydzje kin beskikber steld wurde foar it skriuwen fan:
In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearrre Steaten fêststeld hawwe.
Kêst 2.1.9 Ferdielsystematyk aktiviteiten kêst 2.1.2, ûnder a oant en mei d
Deputearre Steaten ferpartsje it beskikbere bedrach yn de folchoarder fan de oardering. Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar oanfragen, dy’t like heech oardere binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.
Kêst 2.1.10 Ferdielsystematyk aktiviteiten kêst 2.1.2, ûnder e
Kêst 2.1.11 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger
Oan de subsydzjeferliening wurdt foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder a, b en d yn alle gefallen de ferplichting ferbûn dat it boek binnen in jier nei de datum fan it fêststellen fan it subsydzje yn de hannel brocht is en it boek te krijen is by boekhannels dy’t by de Koninklijke Boekverkopersbond oansletten binne.
Oan de subsydzjeferliening wurdt foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder c, yn alle gefallen de ferplichting ferbûn dat it boek binnen fjouwer jier nei de datum fan it fêststellen fan it subsydzje yn de hannel brocht is en it boek te krijen is by boekhannels dy’t by de Koninklijke Boekverkopersbond oansletten binne of op in algemien tagonklik plak op ynternet of as lûdsdrager te krijen is.
Kêst 2.1.12 Prestaasjeferantwurding
Paragraaf 2.2 wurdt wizige, sadat dy der sa út komt te sjen:
Paragraaf 2.2 Oersetten en bewurkjen fan literatuer
It subsydzje hat te’n doel om it oersetten fan oarspronklike Frysktalige fiksje, non-fiksje en toanielstikken te befoarderjen.
Kêst 2.2.2 Subsidiabele aktiviteiten
Subsydzje kin beskikber steld wurde foar:
Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld:
In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.
Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder a, b en c jildt dat de oersetting útfierd wurdt troch in by it Nederlands Genootschap van Tolken en Vertalers of by de Vereniging van Letterkundigen oansletten oersetter of troch in oersetter dy’t al op syn minst ien oersetting by in erkende útjouwer publisearre hat.
Kêst 2.2.10 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger
Oan de subsydzjeûntfanger wurdt foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder a oant en mei c, yn alle gefallen de ferplichting ferbûn dat it boek binnen in jier nei de datum fan it fêststellen fan it subsydzje yn de hannel brocht is en it boek te krijen is by boekhannels dy’t by de Koninklijke Boekverkopersbond oansletten binne.
Kêst 2.2.11 Prestaasjeferantwurding
Paragraaf 2.3 wurdt wizige, sadat dy der sa út komt te sjen:
De doelstelling fan it Frysk mediafûns is om by te dragen oan de fernijing fan de parsebedriuwstûke en sjoernalistike ferdjipping yn Fryslân.
Kêst 2.3.2 Subsidiabele aktiviteiten
Subsydzje kin beskikber steld wurde foar aktiviteiten dy’t ferbân hâlde mei:
Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan profesjonele mediabedriuwen yn Fryslân mei rjochtspersoanlikheid en folslein rjochtsfoech. De sjoernalistike aktiviteiten dêrfan moatte op in boppelokale doelgroep yn Fryslân rjochte wêze.
In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearrre Steaten fêststeld hawwe.
Kêst 2.3.7 Subsidiabele kosten
Foarsafier’t leankosten foar subsydzje yn ‘e beneaming komme, wurde de kosten berekkene op grûn fan it brutolean neffens de leansteat fan de oanbelangjende meiwurker, ferhege mei de opslaggen dy’t wetlik fêstlein binne of dy’t, op grûn fan in cao, foar sosjale lesten betelle wurde moatte, sa bedoeld dat útgien wurdt fan 1.650 produktive oeren jiers by in wurkwike fan 40 oere.
Kêst 2.3.8 Net-subsidiabele kosten
De neikommende kosten komme yn alle gefallen net foar subsydzje yn ‘e beneaming:
yn hoefier’t de aktiviteiten fernijings ta stân bringe yn ynhâld en strekking, wize fan eksploitaasje of foarmjouwing fan sjoernalistike funksjes as nijsgarring, nijstsjutting of opinyfoarming, sadat it parseferskaat grutter wurdt en dêrmei in fernijende bydrage oan de sjoernalistike ynformaasjefoarsjenning levere wurdt;
4 Foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.3.2 onder b jilde as oanfoljende kritearia:
Deputearre Steaten ferpartsje it beskikbere bedrach neffens de folchoarder fan de oardering. Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar oanfragen, dy’t like heech oardere binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.
Kêst 2.3.10 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger
Deputearre Steaten kinne by subsydzjeferliening de ferplichting oplizze dat de subsydzjeûntfanger meiwurket oan oerlis oer en presintaasje en publikaasje fan tusken- en einresultaten fan de útfiering fan de aktiviteiten dêr’t subsydzje oan jûn is, soks om fernijende projekten yn it omtinken te bringen, sadat dy te’n geunste fan oare partijen yn de sektor komme kinne.
Kêst 2.3.11 Prestaasjeferantwurding
Kêst 2.3.12 Befoarskotting en betelling
It foarskot bedraacht op syn meast 50% fan it beskikber stelde bedrach.
Paragraaf 2.4 wurdt wizige, sadat dy der sa út komt te sjen:
Paragraaf 2.4 Promoasje Frysktalige boeken
It subsydzje hat te’n doel om de promoasje fan Frysktalige fiksje en non-fiksje te befoarderjen.
Kêst 2.4.2 Subsidiabele aktiviteiten
Subsydzje kin foar aktiviteiten foar de promoasje fan it Fryske boek beskikber steld wurde.
Subsydzje wurdt oan natuerlike persoanen en rjochtspersoanen beskikber steld.
In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.
Om foar subsydzje yn ‘e beneaming te kommen, is de aktiviteit nei it oardiel fan Deputearre Steaten sadanich opset dat ridlikerwiis ferwachte wurde mei dat de te subsidiearjen aktiviteiten realistysk útfierd wurde sille en de yn kêst 2.4.1 omskreaune doelstelling helle wurde sil.
Kêst 2.4.8 Subsidiabele kosten
Foarsafier needsaaklik en gaadlik komme alle kosten foar subsydzje yn ’e beneaming, útsein de kosten dy’t yn kêst 2.4.9 neamd wurde.
Kêst 2.4.9 Net subsidiabele kosten
De neikommende kosten komme yn alle gefallen net foar subsydzje yn ’e beneaming:
It subsydzje bedraacht op syn meast 75% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 2.250.
Kêst 2.4.12 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger
De skriftlike kommunikaasjemiddels, rjochte op it publyk, wurde yn alle gefallen yn de Fryske taal steld.
Kêst 2.4.13 Prestaasjeferantwurding
Paragraaf 2.5 wurdt wizige, sadat dy der sa út komt te sjen:
Paragraaf 2.5 Frysk taalgebrûk
It subsydzje hat te’n doel om de fysike sichtberens fan de Fryske taal yn it iepenbiere libben en de publike romte yn Fryslân te fergrutsjen.
Kêst 2.5.2 Subsidiabele aktiviteiten
Subsydzje kin foar de neikommende aktiviteiten beskikber steld wurde:
Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan:
In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.
1.Om foar subsydzje yn ’e beneaming te kommen moat in oanfraach nei it oardiel fan Deputearre Steaten foldwaan oan de neikommende kritearia.
Kêst 2.5.9 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger
As it subsydzje ferbân hâldt mei in aktiviteit as bedoeld yn kêst 2.5.2, ûnderdiel a en c, dan wurdt oan de subsydzjeûntfanger yn alle gefallen de ferplichting oplein dat it kommunikaasjemiddel op syn minst foar de oarspronklike doelgroep sichtber wêze moat, salang’t it ûnderwerp dêr’t it ferbân mei hâldt aktueel is.
Kêst 2.5.10 Prestaasjeferantwurding
De subsydzjeûntfanger lit, as dêrom frege wurdt, nei in yn de beskikking neamde termyn sjen dat de oersetaktiviteit dêr’t subsydzje foar beskikber steld is, útfierd is troch it tastjoeren fan it oersette kommunikaasjemiddel of in ferwizing nei it digitale fynplak fan it oersette middel, en hoe’t foldien is oan de ferplichtings dy’t mei it fêststellen fan it subsydzje anneks binne.
Paragraaf 2.6 wurdt wizige, sadat dy der sa út komt te sjen:
Paragraaf 2.6 Útjaan Frysktalige literatuer
It subsydzje hat te’n doel om it útjaan fan oarspronklike Frysktalige fiksje en non-fiksje te befoarderjen.
Kêst 2.6.2 Subsidiabele aktiviteiten
Subsydzje kin beskikber steld wurde foar it útjaan fan in papieren, digitaal of audityf boek yn de Fryske taal.
Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan in erkende útjouwer of in stichting dy’t him foar it meastepart dwaande hâldt mei de Fryske taal of dy’t as streektaalorganisaasje tsjinnet.
In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.
Om foar subsydzje yn ’e beneaming te kommen, wurdt oan de neikommende kritearia foldien:
Kêst 2.6.10 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger
Oan de subsydzjeûntfanger wurdt yn alle gefallen de ferplichting oplein dat:
Kêst 2.6.11 Prestaasjeferantwurding
Paragraaf 3.1 wurdt wizige, sadat dy der sa út komt te sjen:
It subsydzje hat te’n doel om safolle mooglik ynwenners fan Fryslân aktyf of passyf oan kulturele aktiviteiten meidwaan te litten om de kânsen foar de eigen ûntjouwing te fergrutsjen en om de ûnderlinge ferbûnens fan minsken fuort te sterkjen, yn it bysûnder yn de Fryske doarpen.
Kêst 3.1.2 Subsidiabele aktiviteiten
Der kin subsydzje beskikber steld wurde foar kulturele aktiviteiten yn Fryslân.
In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearrre Steaten fêststeld hawwe.
Om foar subsydzje yn ‘e beneaming te kommen, wurdt oan de neikommende kritearia foldien:
Kêst 3.1.8 Subsidiabele kosten
Foarsafier’t leankosten foar subsydzje yn ‘e beneaming komme, wurde de kosten berekkene op grûn fan it brutolean neffens de leansteat fan de oanbelangjende meiwurker, ferhege mei de opslaggen dy’t wetlik fêstlein binne of dy’t, op grûn fan in cao, foar sosjale lesten betelle wurde moatte, sa bedoeld dat útgien wurdt fan 1.650 produktive oeren jiers by in wurkwike fan 40 oere.
Kêst 3.1.9 Net subsidiabele kosten
De neikommende kosten komme net foar subsydzje yn ’e beneaming:
Kêst 3.1.10 Hichte subsydzje en kofinansiering
Kofinansiering kin foar op syn meast 50% út frijwilligerswurk bestean. De oeren fan frijwilligers dy’t streekrjocht oan de realisaasje fan in aktiviteit ta te rekkenjen binne en dy’t net op oare grûnen subsidiearre binne of wurde kinne, kinne yn it ramt fan kofinansiering opfierd wurde mei in maksimum fan € 35,- yn ‘e oere.
Deputearre Steaten ferpartsje it beskikbere bedrach yn de folchoarder fan de oardering. Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar oanfragen, dy’t like heech oardere binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.
Kêst 3.1.12 Prestaasjeferantwurding
Kêst 3.1.13 Befoarskotting en betelling
It foarskot bedraacht op syn meast 70% fan it beskikber stelde bedrach.
Paragraaf 3.2 wurdt wizige, sadat dy der sa út komt te sjen:
Paragraaf 3.2 Leechdrompelige kulturele aktiviteiten
It subsydzje hat te’n doel om it leechdrompelige kulturele oanbod fuort te sterkjen, om dêrmei in sa grut mooglik part fan de befolking fan Fryslân en syn besikers de kâns te jaan om aktyf en passyf oan kulturele aktiviteiten mei te dwaan.
Kêst 3.2.2 Subsidiabele aktiviteiten
Subsydzje kin beskikber steld wurde foar:
In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.
Om foar subsydzje yn ‘e beneaming te kommen wurdt oan de neikommende kritearia foldien:
Kêst 3.2.8 Subsidiabele kosten
Foarsafier’t leankosten foar subsydzje yn ’e beneaming komme, wurde de kosten berekkene op grûn fan it brutolean neffens de leansteat fan de oanbelangjende meiwurker, ferhege mei de opslaggen dy’t wetlik fêstlein binne of dy’t, op grûn fan in cao, foar sosjale lesten betelle wurde moatte, sa bedoeld dat útgien wurdt fan 1.650 produktive oeren jiers by in wurkwike fan 40 oere.
Kêst 3.2.9 Net subsidiabele kosten
De neikommende kosten komme net foar subsydzje yn ‘e beneaming:
Kêst 3.2.10 Hichte subsydzje en kofinansiering
Kêst 3.2.12 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger
Oan de subsydzjeûntfanger wurdt yn it gefal fan in aktiviteit as bedoeld yn kêst 3.2.2, ûnder c, yn alle gefallen de ferplichting oplein dat:
Kêst 3.2.13 Prestaasjeferantwurding
Paragraaf 3.3 wurdt wizige, sadat dy der sa út komt te sjen:
Paragraaf 3.3 Produksje profesjonele poadiumkeunsten en muzykkomposysjes
Realisaasje fan produksjes op it mêd fan muzyk, teater en dûns of in mingfoarm dêrfan, makke troch professionals, mei it doel om in heechweardich kwalitatyf oanbod fan poadiumkeunsten yn Fryslân te garandearjen.
Kêst 3.3.2 Subsidiabele aktiviteiten
Subsydzje kin beskikber steld wurde foar:
In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearrre Steaten fêststeld hawwe.
Om foar subsydzje yn ’e beneaming te kommen wurdt oan de neikommende kritearia foldien:
Kêst 3.3.9 Net-subsidiabele kosten
De neikommende kosten komme net foar subsydzje yn ’e beneaming:
Kêst 3.3.10 Subsidiabele kosten
Foarsafier’t leankosten foar subsydzje yn ’e beneaming komme, wurde de kosten berekkene op grûn fan it brutolean neffens de leansteat fan de oanbelangjende meiwurker, ferhege mei de opslaggen dy’t wetlik fêstlein binne of dy’t, op grûn fan in cao, foar sosjale lesten betelle wurde moatte, sa bedoeld dat útgien wurdt fan 1.650 produktive oeren jiers by in wurkwike fan 40 oere.
Kêst 3.3.11 Hichte subsydzje en kofinansiering
Kêst 3.3.12 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger
Oan de subsydzjeûntfanger wurdt yn it gefal fan in aktiviteit as bedoeld yn kêst 3.3.2, ûnder a, yn alle gefallen de ferplichting oplein dat de produksje binnen twa jier nei datum fan subsydzjeferliening yn Fryslân útfierd wurdt.
Kêst 3.3.13 Prestaasjeferantwurding
Paragraaf 3.4 wurdt wizige, sadat dy der sa út komt te sjen:
Paragraaf 3.4 Iepenloftspullen
It subsydzje hat te’n doel om de kultuerpartisipaasje yn in lokale mienskip fuort te sterkjen.
Kêst 3.4.2 Subsidiabele aktiviteiten
Subsydzje kin beskikber steld wurde foar de produksje en de útfiering fan in iepenloftspul.
In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.
In subsydzje kin wegere wurde as:
Om foar subsydzje yn ‘e beneaming te kommen, moat oan de neikommende kritearia foldien wurde:
Kêst 3.4.8 Subsidiabele kosten
Foarsafier’t leankosten foar subsydzje yn ‘e beneaming komme, wurde de kosten berekkene op grûn fan it brutolean neffens de leansteat fan de oanbelangjende meiwurker, ferhege mei de opslaggen dy’t wetlik fêstlein binne of dy’t, op grûn fan in cao, foar sosjale lesten betelle wurde moatte, sa bedoeld dat útgien wurdt fan 1.650 produktive oeren jiers by in wurkwike fan 40 oere.
Kêst 3.4.9 Net-subsidiabele kosten
De neikommende kosten komme net foar subsydzje yn ‘e beneaming:
It subsydzje bedraacht op syn meast 50% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 5.000.
Deputearre Steaten ferpartsje it beskikbere bedrach yn de folchoarder fan de oardering. Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar oanfragen, dy’t like heech oardere binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.
Kêst 3.4.12 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger
Oan de subsydzjeûntfanger wurdt yn alle gefallen de ferplichting oplein dat:
Kêst 3.4.13 Prestaasjeferantwurding
Paragraaf 3.5 wurdt wizige, sadat dy der sa út komt te sjen:
Paragraaf 3.5 Utkeap teater en muzyk
Dizze subsydzjeregeling hat te’n doel om it útkeaprisiko fan programmearjende ynstânsjes yn Fryslân te ferleegjen, om dêrmei de kwaliteit en it ferskaat fan poadiumkeunstfoarstellings te stimulearjen en it publyksberik foar poadiumkeunsten te fergrutsjen.
Kêst 3.5.2 Subsidiabele activiteiten
Subsydzje kin foar it útkeapjen fan in foar it publyk tagonklike útfiering fan poadiumkeunsten beskikber steld wurde.
In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.
Om foar subsydzje yn ‘e beneaming te kommen wurdt oan de neikommende kritearia foldien:
Kêst 3.5.9 Subsidiabele kosten
Foarsafier’t leankosten foar subsydzje yn ’e beneaming komme, wurde de kosten berekkene op grûn fan it brutolean neffens de leansteat fan de oanbelangjende meiwurker, ferhege mei de opslaggen dy’t wetlik fêstlein binne of dy’t, op grûn fan in cao, foar sosjale lesten betelle wurde moatte, sa bedoeld dat útgien wurdt fan 1.650 produktive oeren jiers by in wurkwike fan 40 oeren.
Kêst 3.5.10 Net subsidiabele kosten
De neikommende kosten komme yn alle gefallen net foar subsydzje yn ’e beneaming:
Kêst 3.5.12 Prestaasjeferantwurding
Paragraaf 4.1 wurdt wizige, sadat dy der sa út komt te sjen:
Paragraaf 4.1 Meartaligens yn it ûnderwiis
It subsydzje hat te’n doel om aktiviteiten te stypjen dy’t ornearre binne om meartaligens yn it ûnderwiis yn de provinsje Fryslân te befoarderjen.
Kêst 4.1.2 Subsidiabele aktiviteiten
Subsydzje kin foar de neikommende aktiviteiten beskikber steld wurde:
Subsydzje wurdt inkeld en allinne oan in rjochtspersoan mei folslein rjochtsfoech beskikber steld.
In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearrre Steaten fêststeld hawwe.
Kêst 4.1.7 Hifkingskritereariums
Om foar subsydzje yn ‘e beneaming te kommen, wurdt oan de neikommende kritearia foldien:
Kêst 4.1.8 Subsidiabele kosten
Foarsafier’t leankosten foar subsydzje yn ‘e beneaming komme, wurde de kosten berekkene op grûn fan it brutolean neffens de leansteat fan de oanbelangjende meiwurker, ferhege mei de opslaggen dy’t wetlik fêstlein binne of dy’t, op grûn fan in cao, foar sosjale lesten betelle wurde moatte, sa bedoeld dat útgien wurdt fan 1.650 produktive oeren jiers by in wurkwike fan 40 oere.
Kêst 4.1.9 Net subsidiabele kosten
De neikommende kosten komme net foar subsydzje yn ’e beneaming:
Kêst 4.1.1 1 Ferdielsystematyk
Kêst 4.1.1 2 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger
Oan de subsydzjeûntfanger kinne ferplichtings oplein wurde oangeande:
it al as net om ‘e nocht ôfstân dwaan troch de subsydzjeûntfanger – yn dat gefal dêryn ek it eigen personiel begrepen – of tredden om him foar de brûkers fan it resultaat of resultaten fan de aktiviteit oer te beroppen op de subsydzjeûntfanger of dy tredden eventueel takommende rjochten op grûn fan kêst 25, sub a oant en mei c, Auteurswet;
Kêst 4.1.1 3 Prestaasjeferantwurding
De subsydzjeûntfanger lit sjen dat de aktiviteiten útfierd binne, soks mei in ferslach fan de aktiviteiten mei dêryn in beskriuwing fan behelle resultaten.
Kêst 4.1.1 5 Befoarskotting en betelling
It foarskot bedraacht op syn meast 70% fan it takende subsydzjebedrach.
Paragraaf 4.2 wurdt wizige, sadat dy der sa út komt te sjen:
Paragraaf 4.2 Lesoeren Frysk yn it ûnderwiis
It subsydzje hat te’n doel om it tal minsken dat Frysk ferstean, prate, lêze en skriuwe kin tanimme te litten.
Kêst 4.2.2 Subsidiabele aktiviteiten
Subsydzje kin beskikber steld wurde foar:
Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan skoallen yn Fryslân yn it fuortset ûnderwiis en middelber beropsûnderwiis, dêrûnder ek de regionale opliedingssintra, de agraryske opliedingssintra en yn it fuortset ûnderwiis foar it skoaltype praktykûnderwiis.
In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.
Kêst 4.2.8 Subsidiabele kosten
Paragraaf 5.1 wurdt wizige, sadat dy der sa út komt te sjen:
Paragraaf 5.1 Grutskalige sporteveneminten
5.1 Grutskalige sporteveneminten
It subsydzje hat te’n doel om de organisaasje fan grutskalige sporteveneminten te befoarderjen, soks om de sportpartisipaasje yn Fryslân te fergrutsjen.
Kêst 5.1.2 Subsidiabele aktiviteiten
Subsydzje kin beskikber steld wurde foar:
Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan in rjochtspersoan mei folslein rjochtsfoech.
In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.
In subsydzje kin wegere wurde as:
Om foar subsydzje yn ‘e beneaming te kommen, wurdt oan de neikommende kritearia foldien:
Kêst 5.1.9 Net subsidiabele kosten
De neikommende kosten komme net foar subsydzje yn ’e beneaming:
Kêst 5.1.10 Subsidiabele kosten
Ûnfermindere wat dêr yn kêst 1.10 fan de ASV en yn kêst 5.1.9 oer fêststeld is, komme alle kosten, foarsafier’t soks needsaaklik en gaadlik is, foar subsydzje yn ’e beneaming.
Paragraaf 5.2 wurdt wizige, sadat dy der sa út komt te sjen:
It subsydzje hat te’n doel om de organisaasje fan eveneminten en clinics op it mêd fan de Fryske sporten te befoarderjen, soks om de partisipaasje oan de Fryske sporten te fergrutsjen.
Kêst 5.2.2 Subsidiabele aktiviteiten
Subsydzje kin beskikber steld wurde foar:
Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan in rjochtspersoan mei folslein rjochtsfoech.
In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.
In subsydzje kin wegere wurde as:
Kêst 5.2.9 Niet subsidiabele kosten
De neikommende kosten komme net foar subsydzje yn ’e beneaming:
Kêst 5.2.10 Subsidiabele kosten
Ûnfermindere wat dêr yn kêst 1.10 fan de ASV en yn kêst 5.2.9 oer fêststeld is, komme alle kosten, foarsafier’t soks needsaaklik en gaadlik is, foar subsydzje yn ’e beneaming:
Kopieer de link naar uw clipboard
https://zoek.officielebekendmakingen.nl/prb-2016-93.html
De hier aangeboden pdf-bestanden van het Staatsblad, Staatscourant, Tractatenblad, provinciaal blad, gemeenteblad, waterschapsblad en blad gemeenschappelijke regeling vormen de formele bekendmakingen in de zin van de Bekendmakingswet en de Rijkswet goedkeuring en bekendmaking verdragen voor zover ze na 1 juli 2009 zijn uitgegeven. Voor pdf-publicaties van vóór deze datum geldt dat alleen de in papieren vorm uitgegeven bladen formele status hebben; de hier aangeboden elektronische versies daarvan worden bij wijze van service aangeboden.