Regeling fan 22 novimber 2016, mei skaaimerk 01371515, oangeande de fêststelling fan in regeling ta wiziging fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân

Deputearre Steaten fan Fryslân,

 

mei it each op kêst 1.3, fjirde lid, fan de Algemiene Subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013;

 

oerwaagjende dat it winsklik is inisjativen te stimulearjen dy’t in bydrage oan de brede programmearring fan Lân fan Taal leverje, om sa in bydrage te leverjen oan it posisjonearjen fan Fryslân as meartalige provinsje;

 

beslute:

 

fêst te stellen de folgjende regeling ta wiziging fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân

I.

 

Nei paragraaf 2.6 fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân wurdt in nije paragraaf tafoege, mei de folgjende tekst:

 

Paragraaf 2.7 Iepen programma Lân fan Taal

 

Kêst 2.7.1 Doel

It subsydzje hat as doel in brede programmearring yn it ramt fan it iepen programma Lân fan Taal mooglik te meitsjen.

 

Kêst 2.7.2 Subsidiabele aktiviteiten

Subsydzje kin beskikber steld wurde foar:

a. de útfiering fan lytse kulturele produksjes op it mêd fan meartaligens, mei in begrutting fan mei-inoar tusken de € 1.000 en € 2.500.

b. de útfiering fan grutte kulturele produksjes op it mêd fan meartaligens, mei in begrutting fan mei-inoar mear as € 2.500.

 

Kêst 2.7.3 Doelgroep

Subsydzje wurdt allinne oan natuerlike persoanen en rjochtspersoanen beskikber steld, dy’t gjin boekjiersubsydzje fan de provinsje krije.

 

Kêst 2.7.4 Oanfraachperioade

In oanfraach foar subsydzje kin yntsjinne wurde yn in troch Deputearre Steaten fêststeld tiidfak.

 

Kêst 2.7.5 Oanfraach

In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in troch Deputearre Steaten beskikber steld oanfraachformulier.

 

Kêst 2.7.6 Wegeringsgrûnen

In subsydzje wurdt wegere as:

a. de aktiviteit net bydraacht oan it yn kêst 2.7.1 neamde doel;

b. de aktiviteit net in op publyk rjochte aktiviteit oanbelanget mei in ferwachte berik fan op syn minst 100 persoanen;

c. de oanfraach ynkommen is bûten in yn kêst 2.7.4 bedoelde oanfraachperioade;

d. de aktiviteit gelyk oan of ferlykber is mei aktiviteiten dêr’t Deputearre Steaten op grûn fan in oare subsydzjeregeling subsydzje foar beskikber stelle kinne soene of al beskikber steld hawwe;

e. oan de oanfraach by de oardering as bedoeld yn kêst 2.7.9, earste lid, minder as 21 punten takend binne;

f. oan de oanfraach by de beoardieling as bedoeld yn kêst 2.7.9, sânde lid, minder as 21 punten takend binne.

 

Kêst 2.7.7 Subsydzjehichte

1. De hichte fan it subsydzje foar de yn kêst 2.7.2, ûnderdiel a, bedoelde aktiviteiten bedraacht € 500.

2. De hichte fan it subsydzje foar de yn kêst 2.7.2, ûnderdiel b, bedoelde aktiviteiten bedraacht op syn meast € 5.000.

 

Kêst 2.7.8 Ferdielsystematyk lytse kulturele produksjes

1. Subsydzje foar aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.7.2, ûnderdiel a. wurdt ferparte op folchoarder fan datum fan ynkommen fan de subsydzje-oanfragen, wêrby’t de datum dat de oanfraach folslein is, jildt as datum fan ynkommen.

2. Foar safier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar oanfragen, dy’t op deselde dei ynkommen binne, der bûten it subsydzjeplafon gien wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

 

Kêst 2.7.9 Ferdielsystematyk grutte kulturele produksjes

1. Deputearre Steaten oarderje de foar subsydzjeferliening yn de beneaming kommende folsleine oanfragen sa, dat in oanfraach heger oardere wurdt nei’t dy mear foldocht oan de neikommende kritearia:

a. Kwaliteit fan it projekt: yn hoefier’t de aktiviteit bydraacht oan in artistyk of ynhâldlik heechsteand oanbod fan kultueruterings yn Lân fan Taal, te hifkjen oan de neikommende yndikatoaren:

1°. fakmanskip: cv’s fan de programmearre makkers en kuratoaren;

2°. sizzenskrêft: ynwurking fan aktiviteiten op publyk, as dat fan tapassing is oan de hân fan eardere projekten;

3°. oarspronklikheid: werom te kennen sinjatuer fan de aktiviteit, tafoeging oan it besteande oanbod yn Lân fan Taal;

4°. fernijing: artistike ûntwikkeling en fernijende programmearring;

b. maatskiplike wearde fan it projekt: yn hoefier’t mei de aktiviteit ferbannen lein wurde mei de omkriten en bydroegen wurdt oan de bewustwurding fan meartaligens, te hifkjen oan de neikommende yndikatoaren:

1°. meartaligens: it brûken fan taal of meartaligens yn it projekt;

2°. partisipaasje: doelgroepebelied, gearwurking mei sosjale partners, ynteraksje mei it publyk, leechdrompelige aktiviteiten;

3°. ûndernimmerskip: ferhâlding tusken frege subsydzje en private ynkomsten, gearwurkingsferbannen mei lokale ûndernimmers, oandacht foar duorsumens, oandacht foar ynnovative ûntwikkelings.

2. Foar elke yn it earste lid neamde yndikator wurde maksimaal 5 punten takend op in skaal fan 0 oant en mei 5.

3. Foar de oardering wage de neamde kritearia like swier.

4. Deputearre Steaten ferpartsje it beskikbere bedrach yn de folchoarder fan de oardering ûnder de oanfragen dêr’t op syn minst 21 punten oan takend binne.

5. Foar safier’t troch it jaan fan subsydzje foar oanfragen dy’t like heech oardere binne, der bûten it subsydzjeplafon gien wurdt, wurdt foarrang jûn oan de oanfraach dy’t de measte punten krigen hat op de yndikatoaren neamd yn it earste lid, ûnderdiel a.

6. Foar safier’t troch it jaan fan subsydzje foar oanfragen, dy’t like heech oardere binne op de totale puntetakenning likegoed as op de puntetakenning op de yndikatoaren as bedoeld yn it fiifde lid, der bûten it subsydzjeplafon gien wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

7. Oardering wurdt net dien, as it bedrach fan it te ferlienen subsydzje fan de foar subsydzjeferliening yn ‘e beneaming kommende folsleine oanfragen, leger is as it troch Deputearre Steaten fêststelde subsydzjeplafon.

 

Kêst 2.7.10 Advisearring grutte kulturele produksjes

1. Deputearre Steaten stelle de oanfragen foar subsydzje as bedoeld yn kêst 2.7.2, ûnderdiel b, foar advys yn hannen fan Keunstwurk.

2. Keunstwurk advisearret oer de yn kêst 2.7.9 bedoelde oardering.

3. Yn it gefal fan kêst 2.7.9, sânde lid, advisearret Keunstwurk oer yn hoefier’t de oanfragen foldogge oan de yn kêst 2.7.9, earste lid, neamde kritearia. Foar dy beoardieling wage de yn dat lid neamde yndikatoaren like swier en wurde op syn meast 5 punten takend op in skaal fan 0 oant en mei 5.

 

Kêst 2.7.11 Prestaasjeferantwurding

De subsydzjeûntfanger toant oan dat de aktiviteiten dien binne troch in ynhâldlik ferslach op de webside www.stipe.frl te setten, úterlik binnen 6 wike nei ôfrin fan de aktiviteit.

 

II.

 

Dizze regeling wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal Blad dêr’t er yn stiet.

 

Leeuwarden, 29 november 2016

 

Voorzitter, J.M. Leemhuis-Stout

Secretaris, A.J. van den Berg

Naar boven