Deputearre Steaten fan Fryslân

 

mei it each op kêst 1.3 fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013,

mei it each op kêst 53 fan Verordening (EU) nr. 651/2014 fan de Commissie fan 17 juny 2014 wêrby’t beskate kategorieën stipe op grûn fan de kêsten 107 en 108 fan it Verdrag mei de ynterne merk ferienichber ferklearre wurde,

 

beslute:

de neikommende regeling ta wiziging fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân fêst te stellen

 

Kêst I

De Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân wurdt as neikomt wizige:

 

A.

Kêst 1.1 wurdt as neikomt:

  • a.

    ASV: Algemiene subsydzjeferoarering provinsje Fryslân 2013;

  • b.

    boppelokaal belang: it doelpublyk omfiemet ynwenners fan mear gemeenten;

  • c.

    bo pp elokaal festival: festival mei gemeentegrins oerstiigjende provinsjale, nasjonale of ynternasjonale besikersstream yn kombinaasje mei nasjonale of ynternasjonale festivalprogrammearring;

  • d.

    breedtesport: sport, gjin topsport, dy’t troch alle lagen fan de befolking op amateurbasis beoefene wurde kin;

  • e.

    erkende sport: sport dêr’t in sportbûn foar is dy’t by it NOC*NSF oansletten is;

  • f.

    erfgoed: materieel likegoed as ymmaterieel erfgoed yn de provinsje Fryslân;

  • g.

    festival: tydlike, net oan in fêst plak bûn en iepenbier tagonklik, periodyk weromkommend barren mei in boppelokaal berik, wêrby’t in rige fan muzyk-, toaniel- of oare keunst- en kultueruterings sintraal stiet;

  • h.

    Fry s k e sporten: Keatse, Fierljeppe, Skûtsjesile, Damjen Frysk spul, skoallereedride en de Fryske hynstesport;

  • i.

    Fry s k e taal en Fr y s k tali ch: it Frysk en in yn Fryslân aktyf brûkte Fryske streektaal;

  • j.

    Frisisty k: wittenskip dy’t de Fryske taal en kultuer bestudearret;

  • k.

    Iepenloftspul: Frysktalige (muzyk)teaterproduksje, of in (muzyk)teaterproduksje yn in Fryske streektaal dy’t yn de iepen loft is yn de perioade maaie oant oktober fan in jier;

  • l.

    jongerein literatu e r: literatuer yn boekfoarm dy’t him troch styl, ynhâld en tematyk op de jongerein fan 12 oant 16 jier rjochtet;

  • m.

    les oe r e : de tydsienheid wêryn’t in beskaat fak ûnderwiisd wurdt;

  • n.

    media-,b y ld zj ende k e unst- en letterefestival: in festival mei as kearnaktiviteit presintaasjes op it mêd fan media, byldzjende keunst en letteren, mei dêryn begrepen it sprutsen wurd, of in mingfoarm dêrfan;

  • o.

    meartaligens: it brûken fan it Frysk en op syn minst ien oare taal;

  • p.

    personi elskosten: kosten yn ferbân mei it ynhieren of it brûken fan betelle personiel, besteande út direkte en yndirekte leankosten of in oare jildlike fergoeding;

  • q.

    play-off wedstriden: wedstriden nei ôfrin fan de reguliere kompetysje fan de feriening, mei ien fan de neikommende doelen: útmeitsje wa’t of hokker team (fan it lân) kampioen wurdt; útmeitsje wa’t of hokker teams promovearje of degradearje; útmeitsje wa’t of hokker team talitten wurdt yn in ynternasjonale kompetysje;

  • r.

    po a diumk e unsten: artistike disiplines dy’t op in poadium beoefene wurde;

  • s.

    po a diumk e unstefestival: in festival mei as kearnaktiviteit útfierings op it mêd fan muzyk, dûns, teater, of in mingfoarm dêrfan;

  • t.

    profesj oneel: útfierenden binne toankeunstner en hâlde harren beropsmjittich dwaande mei de produksje fan poadiumkeunsten;

  • u.

    publi ka a sj e: publisearre oarspronklik, literêr wurk yn papieren, digitale of auditive boekfoarm, of in senario fan in tv-searje, film of toanielstik dat útstjoerd of opfierd is;

  • v.

    sek und ê re literatu e r: teksten dy’t ferwize nei of in synteze meitsje fan literêr of wittenskiplik wurk;

  • w.

    sportclinic: in wurkwinkel mei as doel minsken yn de kunde komme te litten mei in beskate sport of mear feardichheden by te bringen;

  • x.

    sportevenemi nt: wedstriid, toernoai of oare beweechaktiviteiten op sportmêd, organisearre troch in sportferiening, stichting of oare organisaasje;

  • y.

    topsport: sport op nasjonaal of ynternasjonaal prestaasjenivo of profesjonele sport;

  • z.

    útjefte-oerienkomst: oerienkomst tusken auteur en útjouwerij oangeande de eksploitaasjerjochten op de publikaasje dêr’t op syn minst de bepalings oer it royaltypersintaazje en de lisinsje yn oerienkommen binne, sa’t dat bygelyks regele is yn it Modelcontract GAU/VvL foar de útjefte fan oarspronklik Nederlânsktalich literêr wurk;

aa. útjouwerij: rjochtspersoan dy’t op kontinu basis bedriuwsaktiviteiten út ‘e wei set foar de útjefte fan literêre wurken;

bb. útkeaporganisaasje: organisaasje dy’t it risiko fan programmearjen fan foarstellings nimt;

cc. VO: fuortset ûnderwijs, besteande út vmbo, havo en vwo.

 

B.

Nei kêst 3.5.12 wurdt der in nije paragraaf ynfoege, mei de folgjende tekst

 

 

3.6 Festivals

 

Kêst 3. 6 .1 Doel

It subsydzje hat as doel in festivaloanbod yn Fryslân ta stân te bringen om in libben, mei ferskaat en leechdrompelich kultureel en artistyk klimaat te befoarderjen.

 

Kêst 3 . 6 .2 Subsidiabele ak tiviteiten

Subsydzje wurdt beskikber steld foar it twa kear organisearjen fan:

  • a.

    in poadiumkeunstefestival yn de gemeente Ljouwert dat alle jierren werom komt;

  • b.

    in poadiumkeunstefestival bûten de gemeente Ljouwert yn de provinsje Fryslân dat alle jierren weromkomt;

  • c.

    In media-, byldzjende keunst-, letterefestival yn de provinsje Fryslân dat alle jierren werom komt.

     

Kêst 3.6 .3 Doelgroep

Subsydzje wurdt inkeld en allinne oan in feriening of stichting beskikber steld.

 

Kêst 3. 6 .4 Oanf raa ch

  • 1.

    In oanfraach foar subydzje wurdt ûntfongen yn in troch Deputearre Steaten fêststeld tiidfak.

  • 2.

    In oanfraach foar subsydzje wurdt troch in troch Deputearre Steaten fêststeld oanfraachformulier yntsjinne.

  • 3.

    In oanfraach kin ynfold wurde oant it ferstriken fan it yn it earste lid neamde tiidfak.

     

K êst 3. 6 .5 We geringsgr û nen

Mei behâld fan it bepaalde yn kêst 2.7 fan de Asv wurdt de oanfraach wegere as:

  • a.

    de oanfraach net foldocht oan de hifkingskritearia as bedoeld yn kêst 3.6.6;

  • b.

    de aktiviteit nei it oardiel fan Deputearre Steaten yn organisatoryske, finansjele of technyske sin net helber is;

  • c.

    foar de te subsidiearjen festivals al in subsydzje beskikber steld is troch de provinsje Fryslân;

  • d.

    der in slutende begrutting is mei dekking fan oare partijen wêrtroch’t subsydzje út de provinsje Fryslân wei net mear needsaaklik is;

  • e.

    net genôch oannimlik is dat binnen tolve moannen nei it beslút ta subsydzjeferliening begûn wurde kin mei it útfieren fan de aktiviteit;

  • f.

    oan de oanfraach by de oardering as bedoeld yn kêst 3.6.9 minder as 21 punten takend binne;

  • g.

    de hichte fan it subsydzje foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 3.6.2, ûnderdielen a en b, minder as € 40.000 bedraacht foar it twa kear organisearjen fan in festival;

  • h.

    de hichte fan it subsydzje foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 3.6.2, ûnderdiel c, minder as € 10.000 bedraacht foar it twa kear organisearjen fan in festival.

     

Kêst 3. 6 .6 Dr o mpel betingsten

Om foar oardering as bedoeld yn kêst 3.6.9 yn ‘e beneaming te kommen, wurdt op syn minst oan de neikommende drompelbetingsten foldien:

  • a.

    in Fryske gemeente draacht mei in finansjele bydrage neffens de ferdielkaai as bedoeld yn ûnderdiel b oan de kosten foar it festival;

  • b.

    de hichte fan de ferplichte bydrage fan de gemeente as bedoeld yn ûnderdiel a wurdt as neikomt fêststeld:

1° gemeente mei minder as 50.000 ynwenners in oanfoljende bydrage beskikber stelt dy’t minimaal 25% fan de op grûn fan dizze subsydzjeregeling oanfrege subsydzje bedraacht;

2° gemeente mei 50.000 oant 100.000 ynwenners in oanfoljende bydrage beskikber stelt dy’t minimaal 50% fan de op grûn fan dizze subsydzjeregeling oanfrege subsydzje bedraacht;

3° gemeente mei 100.000 of mear ynwenners in oanfoljende bydrage beskikber stelt dy’t minimaal 100% fan de op grûn fan dizze subsydzjeregeling oanfrege subsydzje bedraacht;

  • c.

    it evenemint hat in boppelokaal karakter;

  • d.

    de oanfraach slacht op in festival dat jierliks foar op syn minst twa jier organisearre wurdt.

     

Kêst 3. 6 .7 Subsidiabele en net-subsidiabele kosten

  • 1.

    Foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 3.6.2 komme alle kosten yn de beneaming dy’t streekrjocht ferbân hâlde mei de programearring fan de aktiviteit: bygelyks honoraria, útkeapsommen, gaazjes en logistike kosten dy’t streekrjocht ferbân hâlde mei de programmearring.

  • 2.

    Foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 3.6.2 komme kosten dy’t gjin streekrjocht ferbân hâlde mei de programmearring fan de aktiviteit net foar subsydzje yn de beneaming:

    • a.

      burokosten;

    • b.

      húsfêstingskosten;

    • c.

      marketingkosten;

    • d.

      reiskosten;

    • e.

      kosten dy’t te krijen hawwe mei kranten en tiidskriften op papier.

       

Kêst 3. 6 .8 Subs y d zj eh ich te

  • 1.

    Foar de aktiviteit, as bedoeld yn kêst 3.6.2, ûnderdiel a en b, bedraacht de hichte fan it subsydzje maksimaal 50% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 100.000.

  • 2.

    Foar de aktiviteit, as bedoeld yn kêst 3.6.2, ûnderdiel c, bedraacht de hichte fan it subsydzje maksimaal 50% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 50.000.

     

Kêst 3. 6 .9 F erd i elsystemat y k

1.Deputearre Steaten oarderje de foar subsydzjeferliening yn de beneaming kommende folsleine oanfragen sa, dat in oanfraach heger oardere wurdt al nei’t dy mear foldocht oan de neikommende kritearia:

a.kwaliteit fan it festival: yn hoefier’t de aktiviteit bydraacht oan in artistyk-ynhâldlik heechsteand oanbod fan keunst- en kultueruterings yn de provinsje Fryslân, te hifkjen oan de neikommende yndikatoaren:

1º fakmanskip: cv’s of listen fan prestaasjes fan de programmearre makkers en kuratoaren;

2º sizzenskrêft: ynwurking fan aktiviteiten op publyk, as dat fan tapassing is oan de hân fan eardere edysjes fan it festival;

3º oarspronklikheid: werom te kennen sinjatuer fan de aktiviteit, tafoeging oan it besteande oanbod yn it oanbelangjende festivalsjenre yn de provinsje Fryslân;

4º fernijing: artistike ûntwikkeling en fernijende programmearring;

b. maatskiplike wearde fan it festival: yn hoefier’t mei de aktiviteit ferbannen lein wurde mei de omkriten en bydroegen wurdt oan maatskiplike ûtwikkelingen op it mêd fan ûnderwiis, soarch, toerisme en ekonomy, te hifkjen oan de neikommende yndikatoaren:

1º edukaasje: oanwêzigens fan aktiviteiten oangeande keunst- en kultueredukaasje foar spesifike doelgroepen;

2º partisipaasje: doelgroepebelied, gearwurking mei sosjale partners, ynteraksje mei it publyk, leechdrompelige aktiviteiten;

3º ûndernimmerskip: ferhâlding tusken frege subsydzje en private ynkomsten, gearwurkingsferbannen mei lokale ûndernimmers, oandacht foar duorsumens, oandacht foar ynnovative ûntwikkelings.

  • 2.

    Foar elke yndikator wurdt maksimaal 5 punten takend op in skaal fan 0 oant 5.

  • 3.

    Foar de oardering weage de neamde kritearia like swier.

  • 4.

    Deputearre Steaten ferpartsje it beskikbere bedrach yn de folchoarder fan de oardering ûnder de oanfragen dêr’t op syn minst 21 punten oan takend is.

  • 5.

    Foar safier’t troch it jaan fan subsydzje foar oanfragen dy’t like heech oardere binne, der bûten it subsydzjeplafon gien wurdt, wurdt foarrang jûn oan it projekt dat de measte punten krigen hat op de seleksjekritearia ûnder a, kwaliteit fan it festival.

  • 6.

    Foar safier’t troch it jaan fan subsydzje foar oanfragen, dy’t like heech oardere binne op de totale puntetakenning likegoed as op de puntetakenning it ûnderdiel as bedoeld yn it fiifde lid, der bûten it subsydzjeplafon gien wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

     

Kêst 3.6.10 Advy s k ommis j e

  • 1.

    De troch Deputearre Steaten ynstelde keamer festivals fan de advyskommisje Kultuer advisearret oer de oardering fan de oanfragen neffens kêst 3.6.9.

  • 2.

    Op de advyskommisje is it Reglement voor de Adviescommissie Cultuur fan tapassing.

     

Kêst 3.6 .11 F erplichting s

Ûnfermindere de betingsten en ferplichtings yn paragraaf 2.3 fan de ASV, wurde de neikommende ferplichtings oan de subsydzjeûntfanger oplein:

  • 1.

    de subsydzjeûntfanger organisearret alle jierren in festival fan gelikense aard en omfieming yn finansjele, organisatoaryske en programmatyske sin;

  • 2.

    de subsydzjeûntfanger docht tuskentiids ferslach oer it festival troch media-uterings, in jierferslach, programmaboekje en in oersjoch fan besikersoantallen.

     

Kêst 3.6.1 2 Prestaasj e ferantwu rding en weromf o a rdering

  • 1.

    Subsydzjes dy’t minder as € 25.000 bedrage wurde fêststeld sûnder dat oan de beskikking ta subsydzjefêststelling in beskikking ta subsydzjeferliening foarôfgiet.

  • 2.

    De subsydzjeûntfanger toant, as it earste lid fan tapassing is, as dêr om frege wurdt nei in yn de beskikking neamde termyn oan dat de aktiviteit dêr’t subsydzje foar jûn is, west hat troch in aktiviteiteferslach. De oanfreger docht dêryn ferslach fan de útfierde aktiviteiten troch in oersjoch fan besikersoantallen, programmaboekjes, foto’s en in oersjoch fan ynkomsten en útjeften te oerlizzen, útsplitst nei de jierlikse edysje fan it festival.

  • 3.

    De subsydzjeûntfanger fan subsydzjes fan € 25.000 of heger toant oan dat de aktiviteiten dêr’t subsydzje foar jûn is, west hawwe troch in aktiviteiteferslach. De oanfreger docht dêryn ferslach fan de útfierde aktiviteiten troch in jierferslach, in oersjoch fan besikersoantallenn, programmaboekjes en foto’s oer te lizzen, útsplitst nei de jierlikse edysje fan it festival.

  • 4.

    Subsydzje jûn yn de foarm fan in fêst bedrach de festivaledysje, kin foar dat bedrach weromfoardere wurde as in festival yn it jier dêr’t it subsydzje op sloech net troch gien is.

     

Kêst 3.6.13 Bet el ling

  • 1.

    It foarskot foar subsydzjes fan € 25.000 of heger bedraacht 50% fan it ferliende subsydzje de festivaledysje.

  • 2.

    Befoarskotting foar de twadde festivaledysje bart op grûn fan de tuskenrapportaazje as bedoeld yn kêst 3.6.11, ûnderdiel b, fan dizze regeling.

     

Kêst 3.6.1 4 Ste atsst ipe

Foar safier’t de subsidiabele aktiviteit ekonomysk fan aard is, wurdt subsydzje ferliend mei tapassing fan kêst 53 fan Verordening (EU) nr. 651/2014 van de Commissie fan 17 juny 2014 wêrby’t beskate kategorieën stipe op grûn fan de kêsten 107 en 108 fan it Verdrag mei de ynterne merk te ferienigjen ferklearre wurde.

 

Kêst II

Dizze regeling wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal Blad dêr’t er yn stiet.

 

 

Taljo chting

O anl i eding

Mei de groeiende rol fan festivals yn it kulturele fjild is ek it tal festivals yn de ôfrûne jierren sterk groeid. De oanrin nei en de nominaasje fan Ljouwert-Fryslân as Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 hat dêryn ek in rol spile. Dy saneamde festivalisearring hat laat ta in groeiende druk op de beskikbere provinsjale middels foar stipe fan dy organisaasjes. De wize wêrop’t subsydzje jûn waard, joech in tanimmende ôfstân tusken belied en praktyk. Dêrtroch is der hast gjin oant hielendal gjin romte foar fernijing en is der minder mooglikheid fluch en linich yn te spyljen op in feroarjende fraach út de mienskip wei.

 

Tender f o a r festivals

Dizze wiziging fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip foeget in festivalregeling ta oan it stelsel fan subsydzjejaan. Dat is de wetlike grûn foar subsidiearring fan festivals yn Fryslân. Ûnder in festival wurdt ferstien:

in tydlik, net bûn oan in fêst plak en iepenbier tagonklik barren (betelle en net-betelle) wêrby’t in rige fan muzyk-, toaniel- of oare keunst- en kultuerútfierings sintraal stiet mei in weromkommend karakter. Festivals wêrby’t it útgongspunt bûten it berik fan dy keunst- en kultueruterings leit, wurde yn dat ramt net meinommen likegoed as eveneminten foar ien kear (mei in beskaat tema).

Festivals kinne yn it ramt fan dizze regeling in twajierrige oanfraach dwaan, dus foar de perioade 2017-2018. Dêrfoar binne ûnderskate arguminten: twajierrige beskikkings jouwe festivalorganisaasjes in bytsje in foarm fan takomstperspektyf en groeimooglikheden dy’t sy freegje. Tagelyk is dêrmei ek de oanrin nei en útfiering fan KH2018 fêstlein. Dêrneist rint de provinsje sa lyk op mei in lanlik fûns as it Fonds Podiumkunsten dat ek twajierrige subsydzjes jout. As lêste biede twajierrige beskikkings de mooglikheid it op ‘en nij besjen en fernijing foar de perioade 2019-2020, wannear’t in nije tender iepensteld wurde sil.

Dizze dielregeling is yn de foarm fan in tender, dy’t foarsjocht yn in oardering op grûn fan foarôf opstelde kritearia. Elke festivalorganisaasje, dy’t foldocht oan spesifike betingsten (boppelokaal karkakter, gemeentlike kofinansiering, foldwaan oan kritearia kategorieën) kin in oanfraach yntsjinje. Oanfragen wurde foarlein oan in advyskommisje nei hifking op drompelbetingsten. Foar de beoardieling wurdt de Adviescommissie Cultuur foar ien kear útwreide mei in keamer Festivals, njonken de besteande keamer Podiumkunsten.

 

Spr i eding op t ema en geografy

De provinsje Fryslân stribbet nei in goed ûnderboude en earlike subsydzjeferdieling foar festivals. Foar de ûnderbouwing wurdt in tendersysteem brûkt yn kombinaasje mei in ûnôfhinklike advyskommisje. Foar de ferdieling op ferskaat yn disipline en sprieding yn Fryslân wurde oanfragen yn trije ûnderskate kategorieën opdield. De neikommende kategorieën binne oanwiisd:

1.Podiumkeunstefestival Ljouwert: in festival mei as kearnaktiviteiten útfierings op it mêd fan muzyk, dûns, teater of in mingfoarm dêrfan organisearre yn de gemeente Ljouwert.

Festivals binnen de grinzen fan de gemeente Ljouwert (peildatum 1 jannewaris fan it jier fan iepenstelling fan de subsydzjeregeling).

Oanfreegje kin foar in bydrage fan min. € 50.000 en maks. € 100.000 oant in maksimum fan 50% fan de programmearringskosten.

2.Podiumkeunstefestival Fryslân: in festival mei as kearnaktiviteiten útfierings op it mêd fan muzyk, dûns, teater of in mingfoarm dêrfan, organisearre yn de provinsje Fryslân (ekskl. gemeente Ljouwert).

Festivals yn de provinsje Fryslân, bûten de grinzen fan de gemeente Ljouwert (peildatum 1 jannewaris fan it jier fan iepenstelling fan de subsydzjeregeling).

Oanfreegje kin foar in bydrage fan min. € 40.000 en maks. € 100.000 oant in maksimum fan 50% fan de programmearingskosten.

3.Media-, byldzjende keunst- en letterefestival Fryslân: in festival mei as kearnaktiviteiten presintaasjes op it mêd fan media (audio-visueel, design, nije media ensfh.), byldzjende keunst en letteren (proaza, poëzij, sprutsen wurd) of in mingfoarm dêrfan, organisearre yn de provinsje Fryslân.

Oanfreegje kin foar in bydrage fan min. € 10.000 en maks. € 50.000 oant in maksimum fan 50% fan de aktiviteitekosten.

 

Dro mpel betingst en en wegeringsgr û nen

Foardat in oanfraach behannele wurdt troch de advyskommisje Kultuer moat de oanfrach hifke wurde op in tal drompelbetingsten en wegeringsgrûnen. Wannear’t in oanfraach net foldocht oan de drompelbetingsten wurdt de oanfraach wegere. Wannear’t in wegeringsgrûn fan tapassing is wurdt it subsydzje ek wegere. De subsydzje-oanfraach wurdt dan net yn de kommisje Kultuer bepraat.

De gemeentlike bydrage wurdt hifke. De hichte fan de gemeentlike bydrage is ôfhinklik fan de grutte fan de gemeente. De hjirûnder neamde ferdielkaai betsjut dus dat, as in subsydzje fan € 30.000 by de provinsje oanfrege wurd foar in evenemint yn in gemeente mei 70.000 ynwenners, de bydrage fan de gemeente 50% fan it by de provinsje frege bedrach wêze moat. Yn dit foarbyld is de ferplichte bydrage fan de gemeente dan € 15.000.

  • Gemeente mei minder as 50.000 ynwenners draacht op syn minst 25% by oan de provinsjale subsydzjehichte.

  • Gemeente van 50.000 oant 100.000 ynwenners draacht op syn minst 50% by oan de provinsjale maksimale subsydzjehichte.

  • Gemeente van 100.000 ynwenners of mear draacht op syn minst 100% by oan de provinsjale maksimale subsydzjehichte.

De bydrage fan de gemeente moat finansjeel fan aard wêze. It yn natura bydragen troch in gemeente is, hoewol’t it goed foar it festival is, gjin finansjele bydrage yn de sin fan de regeling.

 

Oandachtspunten subsydzje-oanfragen tender

Wannear’t in plan net folslein is, in dekkingsplan ûntbrekt, in begrutting net slutend is of der op in oare wize sprake is fan in ferkearde subsydzje-oanfraach wurdt it subsydzje net behannele troch de advyskommisje. It foarôf wegerjen fan oanfragen hat te krijen mei it karakter fan in tender. In tender betsjut dat it letter ynhâldlik oanfoljen of wizigjen fan oanfragen net mooglik is. Oant de sluting fan it tiidrek kinne oanfregers wol wizigings yntsjinje.

Naar boven