Provinciaal blad van Fryslân
Datum publicatie | Organisatie | Jaargang en nummer | Rubriek |
---|---|---|---|
Fryslân | Provinciaal blad 2016, 5933 | Overige overheidsinformatie |
Zoals vergunningen, bouwplannen en lokale regelgeving.
Adressen en contactpersonen van overheidsorganisaties.
U bent hier:
Datum publicatie | Organisatie | Jaargang en nummer | Rubriek |
---|---|---|---|
Fryslân | Provinciaal blad 2016, 5933 | Overige overheidsinformatie |
Deputearre Steaten fan Fryslân
mei it each op kêst 1.3 fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013,
mei it each op kêst 53 fan Verordening (EU) nr. 651/2014 fan de Commissie fan 17 juny 2014 wêrby’t beskate kategorieën stipe op grûn fan de kêsten 107 en 108 fan it Verdrag mei de ynterne merk ferienichber ferklearre wurde,
de neikommende regeling ta wiziging fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân fêst te stellen
De Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân wurdt as neikomt wizige:
play-off wedstriden: wedstriden nei ôfrin fan de reguliere kompetysje fan de feriening, mei ien fan de neikommende doelen: útmeitsje wa’t of hokker team (fan it lân) kampioen wurdt; útmeitsje wa’t of hokker teams promovearje of degradearje; útmeitsje wa’t of hokker team talitten wurdt yn in ynternasjonale kompetysje;
útjefte-oerienkomst: oerienkomst tusken auteur en útjouwerij oangeande de eksploitaasjerjochten op de publikaasje dêr’t op syn minst de bepalings oer it royaltypersintaazje en de lisinsje yn oerienkommen binne, sa’t dat bygelyks regele is yn it Modelcontract GAU/VvL foar de útjefte fan oarspronklik Nederlânsktalich literêr wurk;
aa. útjouwerij: rjochtspersoan dy’t op kontinu basis bedriuwsaktiviteiten út ‘e wei set foar de útjefte fan literêre wurken;
bb. útkeaporganisaasje: organisaasje dy’t it risiko fan programmearjen fan foarstellings nimt;
cc. VO: fuortset ûnderwijs, besteande út vmbo, havo en vwo.
Nei kêst 3.5.12 wurdt der in nije paragraaf ynfoege, mei de folgjende tekst
It subsydzje hat as doel in festivaloanbod yn Fryslân ta stân te bringen om in libben, mei ferskaat en leechdrompelich kultureel en artistyk klimaat te befoarderjen.
Kêst 3 . 6 .2 Subsidiabele ak tiviteiten
Subsydzje wurdt beskikber steld foar it twa kear organisearjen fan:
Subsydzje wurdt inkeld en allinne oan in feriening of stichting beskikber steld.
K êst 3. 6 .5 We geringsgr û nen
Mei behâld fan it bepaalde yn kêst 2.7 fan de Asv wurdt de oanfraach wegere as:
Kêst 3. 6 .6 Dr o mpel betingsten
Om foar oardering as bedoeld yn kêst 3.6.9 yn ‘e beneaming te kommen, wurdt op syn minst oan de neikommende drompelbetingsten foldien:
1° gemeente mei minder as 50.000 ynwenners in oanfoljende bydrage beskikber stelt dy’t minimaal 25% fan de op grûn fan dizze subsydzjeregeling oanfrege subsydzje bedraacht;
2° gemeente mei 50.000 oant 100.000 ynwenners in oanfoljende bydrage beskikber stelt dy’t minimaal 50% fan de op grûn fan dizze subsydzjeregeling oanfrege subsydzje bedraacht;
3° gemeente mei 100.000 of mear ynwenners in oanfoljende bydrage beskikber stelt dy’t minimaal 100% fan de op grûn fan dizze subsydzjeregeling oanfrege subsydzje bedraacht;
Kêst 3. 6 .7 Subsidiabele en net-subsidiabele kosten
Kêst 3. 6 .8 Subs y d zj eh ich te
Kêst 3. 6 .9 F erd i elsystemat y k
1.Deputearre Steaten oarderje de foar subsydzjeferliening yn de beneaming kommende folsleine oanfragen sa, dat in oanfraach heger oardere wurdt al nei’t dy mear foldocht oan de neikommende kritearia:
a.kwaliteit fan it festival: yn hoefier’t de aktiviteit bydraacht oan in artistyk-ynhâldlik heechsteand oanbod fan keunst- en kultueruterings yn de provinsje Fryslân, te hifkjen oan de neikommende yndikatoaren:
1º fakmanskip: cv’s of listen fan prestaasjes fan de programmearre makkers en kuratoaren;
2º sizzenskrêft: ynwurking fan aktiviteiten op publyk, as dat fan tapassing is oan de hân fan eardere edysjes fan it festival;
3º oarspronklikheid: werom te kennen sinjatuer fan de aktiviteit, tafoeging oan it besteande oanbod yn it oanbelangjende festivalsjenre yn de provinsje Fryslân;
4º fernijing: artistike ûntwikkeling en fernijende programmearring;
b. maatskiplike wearde fan it festival: yn hoefier’t mei de aktiviteit ferbannen lein wurde mei de omkriten en bydroegen wurdt oan maatskiplike ûtwikkelingen op it mêd fan ûnderwiis, soarch, toerisme en ekonomy, te hifkjen oan de neikommende yndikatoaren:
1º edukaasje: oanwêzigens fan aktiviteiten oangeande keunst- en kultueredukaasje foar spesifike doelgroepen;
2º partisipaasje: doelgroepebelied, gearwurking mei sosjale partners, ynteraksje mei it publyk, leechdrompelige aktiviteiten;
3º ûndernimmerskip: ferhâlding tusken frege subsydzje en private ynkomsten, gearwurkingsferbannen mei lokale ûndernimmers, oandacht foar duorsumens, oandacht foar ynnovative ûntwikkelings.
Foar safier’t troch it jaan fan subsydzje foar oanfragen, dy’t like heech oardere binne op de totale puntetakenning likegoed as op de puntetakenning it ûnderdiel as bedoeld yn it fiifde lid, der bûten it subsydzjeplafon gien wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.
Kêst 3.6.10 Advy s k ommis j e
Ûnfermindere de betingsten en ferplichtings yn paragraaf 2.3 fan de ASV, wurde de neikommende ferplichtings oan de subsydzjeûntfanger oplein:
Kêst 3.6.1 2 Prestaasj e ferantwu rding en weromf o a rdering
De subsydzjeûntfanger toant, as it earste lid fan tapassing is, as dêr om frege wurdt nei in yn de beskikking neamde termyn oan dat de aktiviteit dêr’t subsydzje foar jûn is, west hat troch in aktiviteiteferslach. De oanfreger docht dêryn ferslach fan de útfierde aktiviteiten troch in oersjoch fan besikersoantallen, programmaboekjes, foto’s en in oersjoch fan ynkomsten en útjeften te oerlizzen, útsplitst nei de jierlikse edysje fan it festival.
De subsydzjeûntfanger fan subsydzjes fan € 25.000 of heger toant oan dat de aktiviteiten dêr’t subsydzje foar jûn is, west hawwe troch in aktiviteiteferslach. De oanfreger docht dêryn ferslach fan de útfierde aktiviteiten troch in jierferslach, in oersjoch fan besikersoantallenn, programmaboekjes en foto’s oer te lizzen, útsplitst nei de jierlikse edysje fan it festival.
Foar safier’t de subsidiabele aktiviteit ekonomysk fan aard is, wurdt subsydzje ferliend mei tapassing fan kêst 53 fan Verordening (EU) nr. 651/2014 van de Commissie fan 17 juny 2014 wêrby’t beskate kategorieën stipe op grûn fan de kêsten 107 en 108 fan it Verdrag mei de ynterne merk te ferienigjen ferklearre wurde.
Dizze regeling wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal Blad dêr’t er yn stiet.
Mei de groeiende rol fan festivals yn it kulturele fjild is ek it tal festivals yn de ôfrûne jierren sterk groeid. De oanrin nei en de nominaasje fan Ljouwert-Fryslân as Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 hat dêryn ek in rol spile. Dy saneamde festivalisearring hat laat ta in groeiende druk op de beskikbere provinsjale middels foar stipe fan dy organisaasjes. De wize wêrop’t subsydzje jûn waard, joech in tanimmende ôfstân tusken belied en praktyk. Dêrtroch is der hast gjin oant hielendal gjin romte foar fernijing en is der minder mooglikheid fluch en linich yn te spyljen op in feroarjende fraach út de mienskip wei.
Dizze wiziging fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip foeget in festivalregeling ta oan it stelsel fan subsydzjejaan. Dat is de wetlike grûn foar subsidiearring fan festivals yn Fryslân. Ûnder in festival wurdt ferstien:
in tydlik, net bûn oan in fêst plak en iepenbier tagonklik barren (betelle en net-betelle) wêrby’t in rige fan muzyk-, toaniel- of oare keunst- en kultuerútfierings sintraal stiet mei in weromkommend karakter. Festivals wêrby’t it útgongspunt bûten it berik fan dy keunst- en kultueruterings leit, wurde yn dat ramt net meinommen likegoed as eveneminten foar ien kear (mei in beskaat tema).
Festivals kinne yn it ramt fan dizze regeling in twajierrige oanfraach dwaan, dus foar de perioade 2017-2018. Dêrfoar binne ûnderskate arguminten: twajierrige beskikkings jouwe festivalorganisaasjes in bytsje in foarm fan takomstperspektyf en groeimooglikheden dy’t sy freegje. Tagelyk is dêrmei ek de oanrin nei en útfiering fan KH2018 fêstlein. Dêrneist rint de provinsje sa lyk op mei in lanlik fûns as it Fonds Podiumkunsten dat ek twajierrige subsydzjes jout. As lêste biede twajierrige beskikkings de mooglikheid it op ‘en nij besjen en fernijing foar de perioade 2019-2020, wannear’t in nije tender iepensteld wurde sil.
Dizze dielregeling is yn de foarm fan in tender, dy’t foarsjocht yn in oardering op grûn fan foarôf opstelde kritearia. Elke festivalorganisaasje, dy’t foldocht oan spesifike betingsten (boppelokaal karkakter, gemeentlike kofinansiering, foldwaan oan kritearia kategorieën) kin in oanfraach yntsjinje. Oanfragen wurde foarlein oan in advyskommisje nei hifking op drompelbetingsten. Foar de beoardieling wurdt de Adviescommissie Cultuur foar ien kear útwreide mei in keamer Festivals, njonken de besteande keamer Podiumkunsten.
Spr i eding op t ema en geografy
De provinsje Fryslân stribbet nei in goed ûnderboude en earlike subsydzjeferdieling foar festivals. Foar de ûnderbouwing wurdt in tendersysteem brûkt yn kombinaasje mei in ûnôfhinklike advyskommisje. Foar de ferdieling op ferskaat yn disipline en sprieding yn Fryslân wurde oanfragen yn trije ûnderskate kategorieën opdield. De neikommende kategorieën binne oanwiisd:
1.Podiumkeunstefestival Ljouwert: in festival mei as kearnaktiviteiten útfierings op it mêd fan muzyk, dûns, teater of in mingfoarm dêrfan organisearre yn de gemeente Ljouwert.
Festivals binnen de grinzen fan de gemeente Ljouwert (peildatum 1 jannewaris fan it jier fan iepenstelling fan de subsydzjeregeling).
Oanfreegje kin foar in bydrage fan min. € 50.000 en maks. € 100.000 oant in maksimum fan 50% fan de programmearringskosten.
2.Podiumkeunstefestival Fryslân: in festival mei as kearnaktiviteiten útfierings op it mêd fan muzyk, dûns, teater of in mingfoarm dêrfan, organisearre yn de provinsje Fryslân (ekskl. gemeente Ljouwert).
Festivals yn de provinsje Fryslân, bûten de grinzen fan de gemeente Ljouwert (peildatum 1 jannewaris fan it jier fan iepenstelling fan de subsydzjeregeling).
Oanfreegje kin foar in bydrage fan min. € 40.000 en maks. € 100.000 oant in maksimum fan 50% fan de programmearingskosten.
3.Media-, byldzjende keunst- en letterefestival Fryslân: in festival mei as kearnaktiviteiten presintaasjes op it mêd fan media (audio-visueel, design, nije media ensfh.), byldzjende keunst en letteren (proaza, poëzij, sprutsen wurd) of in mingfoarm dêrfan, organisearre yn de provinsje Fryslân.
Oanfreegje kin foar in bydrage fan min. € 10.000 en maks. € 50.000 oant in maksimum fan 50% fan de aktiviteitekosten.
Dro mpel betingst en en wegeringsgr û nen
Foardat in oanfraach behannele wurdt troch de advyskommisje Kultuer moat de oanfrach hifke wurde op in tal drompelbetingsten en wegeringsgrûnen. Wannear’t in oanfraach net foldocht oan de drompelbetingsten wurdt de oanfraach wegere. Wannear’t in wegeringsgrûn fan tapassing is wurdt it subsydzje ek wegere. De subsydzje-oanfraach wurdt dan net yn de kommisje Kultuer bepraat.
De gemeentlike bydrage wurdt hifke. De hichte fan de gemeentlike bydrage is ôfhinklik fan de grutte fan de gemeente. De hjirûnder neamde ferdielkaai betsjut dus dat, as in subsydzje fan € 30.000 by de provinsje oanfrege wurd foar in evenemint yn in gemeente mei 70.000 ynwenners, de bydrage fan de gemeente 50% fan it by de provinsje frege bedrach wêze moat. Yn dit foarbyld is de ferplichte bydrage fan de gemeente dan € 15.000.
De bydrage fan de gemeente moat finansjeel fan aard wêze. It yn natura bydragen troch in gemeente is, hoewol’t it goed foar it festival is, gjin finansjele bydrage yn de sin fan de regeling.
Oandachtspunten subsydzje-oanfragen tender
Wannear’t in plan net folslein is, in dekkingsplan ûntbrekt, in begrutting net slutend is of der op in oare wize sprake is fan in ferkearde subsydzje-oanfraach wurdt it subsydzje net behannele troch de advyskommisje. It foarôf wegerjen fan oanfragen hat te krijen mei it karakter fan in tender. In tender betsjut dat it letter ynhâldlik oanfoljen of wizigjen fan oanfragen net mooglik is. Oant de sluting fan it tiidrek kinne oanfregers wol wizigings yntsjinje.
Kopieer de link naar uw clipboard
https://zoek.officielebekendmakingen.nl/prb-2016-5933.html
De hier aangeboden pdf-bestanden van het Staatsblad, Staatscourant, Tractatenblad, provinciaal blad, gemeenteblad, waterschapsblad en blad gemeenschappelijke regeling vormen de formele bekendmakingen in de zin van de Bekendmakingswet en de Rijkswet goedkeuring en bekendmaking verdragen voor zover ze na 1 juli 2009 zijn uitgegeven. Voor pdf-publicaties van vóór deze datum geldt dat alleen de in papieren vorm uitgegeven bladen formele status hebben; de hier aangeboden elektronische versies daarvan worden bij wijze van service aangeboden.