Regeling fan 7 juny 2016, meimerkteken1316892ta wiziging fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

 

Deputearre Steaten fan Fryslân,

Kêst 1.3, fjirde lid, fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013 achtslaande,

beslute:

de neikommende regeling ta wiziging fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân fêst te stellen:

Kêst I

Ûnder haadstik 4 wurdt nei paragraaf 4.2 de neikommende paragraaf ynfoege:

 

Paragraaf 4.3 Materiële ynstânhâlding Frysk

Kêst 4.3.1 Doel

It subsydzje hat te’n doel om it oanbod fan Frysktalich ûnderwiismateriaal, sawol fysyk as digitaal, op skoallen fan it primêr en fuortset ûnderwiis, yn stân te hâlden.

 

Kêst 4.3.2 Subsidiabele a k tiviteiten

Subsydzje kin beskikber steld wurde foar:

  • a.

    it oantugen fan lesmateriaal foar it jaan fan it fak Frysk yn groep 1 oant en mei 8 fan it primêr ûnderwiis.

  • b.

    it oantugen fan lesmateriaal foar it jaan fan it fak Frysk yn de earste klasse fan it fuortset ûnderwiis.

     

Kêst 4.3.3 Doelgroep

Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan skoallen yn de provinsje Fryslân yn it primêr en fuortset ûnderwiis.

 

Kêst 4.3.4 Oanfraach en beslút

  • 1.

    It tal learlingen dat de oanfreger yn it Basisregister Ûnderwiis op de teldatum fan 1 oktober fan it foargeande skoaljier opjûn hat, wurdt oanmurken as in oanfraach foar subsydzje foar dat tal learlingen, yn it ramt fan dizze paragraaf.

  • 2.

    Alle jierren beslute Deputearre Steaten op oanfragen as bedoeld yn it earste lid, soks foar uterlik 1 augustus.

     

Kêst 4.3.5 Wegeringsgr ûn

In subsydzje w u rdt wegere foarsafier’t de oanfreger in ûntheffing takend is op grûn fan kêst 9, fjirde lid, fan de Wet op it primêr ûnderwiis of kêst 11e, earste lid, fan de Wet op it fuortset ûnderwiis.

 

Kêst 4.3.6 Hichte subsydzje

  • 1.

    By de hichte fan itsubsydzje foar de aktiviteitas bedoeld yn kêst 4.3.2 ûnder a giet it om in bedrach foar in ôfsûnderlike learling yn groep 1 oant en mei 8 en wurdtberekkene op grûn fan de bekostiging dy’titRyk alle jierrenbeskikber stelt foar de materiële ynstânhâlding fan itFrysk, lykas bedoeld ynkêst 134, twadde lid, fan de Wet op it primêr ûnderwiis.

  • 2.

    De bekostiging dy’t yn it earste lid neamd wurdt, wurdt evenredich ferparte oer it tal learlingen yn it primêr ûnderwiis dat it fak Frysk ûnderwiisd krijt.

  • 3.

    Deputearre Steaten kinne it bedrach dat yn it earste lid neamd wurdt alle jierren yndeksearje mei it tanommen priisnivo, soks neffens de konsumintepriisyndeks fan it CBS, it Sintraal Buro foar de Statistyk.

  • 4.

    By de hichte fan itsubsydzje foar de aktiviteitas bedoeld yn kêst 4.3.2 ûnder b giet it om in bedrach foar in ôfsûnderlike learling foar it fak Frysk yn de earste klasse en wurdt berekkene op grûn fan de bekostiging dy’t it Ryk alle jierren beskikber stelt yn it ramt fan de Bestjoers-ôfspraak Fryske Taal en Kultuer, foar de materiële ynstânhâlding fan it Frysk yn it fuortset ûnderwiis.

  • 5.

    De yn it fjirde lid neamde bekostiging wurdt evenredich ferparte oer it tal learlingen yn de earste klasse fan it fuortset ûnderwiis yn Fryslân dat it fak Frysk ûnderwiisd krijt.

     

Kêst II

Dizzewiziginsgregeling giet yn op de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinsjaal Blêd dêr’t er yn opnommen wurdt.

Naar boven