Provinciaal blad van Fryslân
Datum publicatie | Organisatie | Jaargang en nummer | Rubriek |
---|---|---|---|
Fryslân | Provinciaal blad 2016, 3425 | Overige overheidsinformatie |
Zoals vergunningen, bouwplannen en lokale regelgeving.
Adressen en contactpersonen van overheidsorganisaties.
U bent hier:
Datum publicatie | Organisatie | Jaargang en nummer | Rubriek |
---|---|---|---|
Fryslân | Provinciaal blad 2016, 3425 | Overige overheidsinformatie |
Regeling fan 7 juny 2016, meimerkteken1316892ta wiziging fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.
Deputearre Steaten fan Fryslân,
Kêst 1.3, fjirde lid, fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013 achtslaande,
de neikommende regeling ta wiziging fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân fêst te stellen:
Ûnder haadstik 4 wurdt nei paragraaf 4.2 de neikommende paragraaf ynfoege:
Paragraaf 4.3 Materiële ynstânhâlding Frysk
It subsydzje hat te’n doel om it oanbod fan Frysktalich ûnderwiismateriaal, sawol fysyk as digitaal, op skoallen fan it primêr en fuortset ûnderwiis, yn stân te hâlden.
Kêst 4.3.2 Subsidiabele a k tiviteiten
Subsydzje kin beskikber steld wurde foar:
Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan skoallen yn de provinsje Fryslân yn it primêr en fuortset ûnderwiis.
Kêst 4.3.4 Oanfraach en beslút
In subsydzje w u rdt wegere foarsafier’t de oanfreger in ûntheffing takend is op grûn fan kêst 9, fjirde lid, fan de Wet op it primêr ûnderwiis of kêst 11e, earste lid, fan de Wet op it fuortset ûnderwiis.
By de hichte fan itsubsydzje foar de aktiviteitas bedoeld yn kêst 4.3.2 ûnder a giet it om in bedrach foar in ôfsûnderlike learling yn groep 1 oant en mei 8 en wurdtberekkene op grûn fan de bekostiging dy’titRyk alle jierrenbeskikber stelt foar de materiële ynstânhâlding fan itFrysk, lykas bedoeld ynkêst 134, twadde lid, fan de Wet op it primêr ûnderwiis.
By de hichte fan itsubsydzje foar de aktiviteitas bedoeld yn kêst 4.3.2 ûnder b giet it om in bedrach foar in ôfsûnderlike learling foar it fak Frysk yn de earste klasse en wurdt berekkene op grûn fan de bekostiging dy’t it Ryk alle jierren beskikber stelt yn it ramt fan de Bestjoers-ôfspraak Fryske Taal en Kultuer, foar de materiële ynstânhâlding fan it Frysk yn it fuortset ûnderwiis.
Dizzewiziginsgregeling giet yn op de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinsjaal Blêd dêr’t er yn opnommen wurdt.
Kopieer de link naar uw clipboard
https://zoek.officielebekendmakingen.nl/prb-2016-3425.html
De hier aangeboden pdf-bestanden van het Staatsblad, Staatscourant, Tractatenblad, provinciaal blad, gemeenteblad, waterschapsblad en blad gemeenschappelijke regeling vormen de formele bekendmakingen in de zin van de Bekendmakingswet en de Rijkswet goedkeuring en bekendmaking verdragen voor zover ze na 1 juli 2009 zijn uitgegeven. Voor pdf-publicaties van vóór deze datum geldt dat alleen de in papieren vorm uitgegeven bladen formele status hebben; de hier aangeboden elektronische versies daarvan worden bij wijze van service aangeboden.