Subsydzjeregeling Sichtberens Frysk en streektalen Noardeast-Fryslân

BOARGEMASTER EN WETHALDERS FAN DE GEMEENTE NOARDEAST-FRYSLAN;

 

Yn oanfolling op de Algemene Subsidieverordening gemeente Noardeast-Fryslân (ASV);

 

Mei it each op kêst 3 fan de ASV;

 

Mei it each op artikel 156 fan de Gemeentewet;

 

b e s l ú te

 

fêst te stellen de neikommende regeling: Subsydzjeregeling Sichtberens Frysk en streektalen Noardeast-Fryslân

 

 

 

Kêst 1.1 Begrypsbepalings

  • 1.

    Fryske taal: De Fryske taal of in streektaal út Noardeast-Fryslân;

  • 2.

    Ynformaasjemiddel: middel wêr’t ynformaasje op toand wurdt sa as in hiemside, poster, flyer, advertinsje of ynformaasjeboerd.

  • 3.

    Digitale iepenbiere romte: hiemsiden of oare digitale middels mei dêrop frij tagonklike ynformaasje;

  • 4.

    Fysike iepenbiere romte: gebou, romte of plak yn ‘e iepen loft dat foar publyk tagonklik is, en net privé romte is;

 

Kêst 1.2 Algemiene Subsydzjeferoardening

De Algemiene Subsydzjeferoardening Noardeast-Fryslân is fan tapassing op dizze regeling.

 

Kêst 1.3 Doel fan de regeling

Mei it jaan fan subsydzjes wolle boargemaster en wethâlders de Fryske taal behâlde en fuortsterkje en dêrmei bydrage oan it heljen fan de doelen neamd yn programma 2 Mienskip fan de programmabegrutting.

 

Kêst 1.4 Doelgroep

Subsydzje foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 1.8 wurdt allinnich beskikber steld oan in yn de gemeente Noardeast-Fryslan fêstige privaatrjochtlike rjochtspersoan, ienmanssaak of fennoatskip ûnder firma.

 

Kêst 1.5 Hurdheidsklausule

Boargemaster en wethâlders kinne yn bysûndere gefallen artikels fan dizze regeling bûten tapassing litte of dêrfan ôfwike.

 

Kêst 1.6 Wegeringsgrûnen

Yn oanfolling op de wegeringsgrûnen yn kêst 7 fan de Algemiene Subsydzjeferoardening Noardeast-Fryslân kin in subsydzje-oanfraach wegere wurde as:

  • a.

    de aktiviteit net genôch bydraget oan it berikken fan it doel fan it programma Mienskip en fan dy regeling;

  • b.

    de aktiviteit al genôch yn de gemeente organisearre en útfierd wurdt;

  • c.

    de gemeente foar deselde aktiviteit op in oare wize al subsydzje jûn hat;

  • d.

    de aktiviteit net útfierd wurdt yn de gemeente Noardeast-Fryslân;

  • e.

    de aktiviteit it skriuwen fan in boek oanbelanget;

  • f.

    de oanfraach net foldocht oan de betingsten neamd yn dizze regeling.

 

Kêst 1.7 Subsydzjeplafond

  • 1.

    It subsydzjeplafond foar dizze regeling is € 100.000

  • 2.

    Subsydzjeferstrekking fynt plak op folchoarder fan folslein yntsjinne oanfragen, oant it subsydzjeplafond berikke is.

 

Kêst 1.8 Subsidiabele aktiviteiten

Subsydzje kin foar de folgjende aktiviteiten beskikber steld wurde: It pleatsen of publisearjen fan Fryske teksten yn ‘e fysike of digitale iepenbiere romte.

 

Kêst 1.9. De oanfraach

In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch it brûken fan it dêrfoar bestimde oanfraachformulier en foarsjoen fan alle bylagen dy’t dêryn ferplichte binne, te witten:

  • a.

    in projektplan, mei dêryn in beskriuwing fan de aktiviteiten dêr't subsydzje foar oanfrege wurdt en in taljochting yn hoefier't de aktiviteiten foldogge oan de kritearia dy't yn kêst 1.10 neamd binne.

  • b.

    in begrutting mei in oersjoch fan de kosten en opbringsten fan de aktiviteiten dêr't subsydzje foar frege wurdt, ynklusyf in ûnderbouwing dêrfan.

  • c.

    In bewiis dat it plan foar advisearring foarlein is oan de Afûk

 

Kêst 1.10 Hifkingskritearia

Om foar in subsydzje foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 1.8, yn ’e beneaming te kommen moat foldien wurde oan de folgjende kritearia:

  • a.

    de aktiviteit soarget oanwiisber foar yn gruttere sichtberens fan it Frysk of it brûken fan it Frysk.

  • b.

    de aktiviteit hat de yntinsje om langer as 1 moanne sichtber te wêzen.

  • c.

    Foar dizze aktiviteit kinne jo allinnich subsydzje oanfreegje wannear’t jo it plan foar advys foarlein hawwe oan de Afûk. Jo kinne kontakt opnimme mei de Afûk fia ynfo@praatmarfrysk.nl. Neidat de Afûk mei jo nei jo plannen sjoen hat, krije jo dêrfan in bewiis.

 

Kêst 1.11 Subsidiabele en net subsidiabele kosten

  • 1.

    Foar subsydzje komme yn oanmerking de kosten dy't streekrjocht oan de subsidiabele aktiviteit ta te rekkenjen binne en yn reedlikens nedich binne foar de útfiering dêrfan.

  • 2.

    Net foar subsydzje yn oanmerking komme strukturele kosten foar it ûnderhâlden fan in hiemside of oare digitale ynformaasjemiddels.

 

Kêst 1.12 Hichte fan de subsydzje

Foar de aktiviteiten bedoeld yn kêst 1.8 is de subsydzje op syn heechst 80% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 2.500.

 

Kêst 1.13 Ferplichtings fan ‘e subsydzjeûntfanger

  • 1.

    De subsydzjeûntfanger is ferplichte om de aktiviteiten dêr’t subsydzje oan jûn is binnen acht moanne neidat de subsydzje jûn is út te fieren.

  •  

  • 2.

    Oan de subsydzjeûntfanger kinne by it beskikber stellen fan it subsydzje ferplichtings oangeande de fersprieding en it berik fan de aktiviteiten oplein wurde.

  •  

  • 3.

    Wannear’t subsydzje beskikber steld is foar in aktiviteit is de subsydzjeûntfanger ferplichte de Fryske teksten foar it brede publyk sichtber te hâlden salang’t it ûnderwerp dêr’t it ferbân mei hat aktueel is.

  •  

  • 4.

    Wannear’t subsydzje beskikber steld is foar in aktiviteit as bedoeld yn kêst 1.8 is de subsydzjeûntfanger ferplichte de teksten oersetten te litten troch in oersetter dy’t betûft is yn it Frysk, of de sels opstelde of oersette teksten kontrolearje te litten troch in oerset-/taalburo sa as neamd op Oersetburo’s » Afûk, om der yn alle gefallen foar te soargjen dat de teksten yn geef Frysk en sûnder skriuwflaters te lêzen binne.

  •  

  • 5.

    De subsydzjeûntfanger leveret nei ôfrin fan it ynisjatyf of aktiviteit byldmateriaal oan dat geskikt is foar publikaasje, foarsjoen fan in taljochting, dêr't út bliken docht dat de aktiviteit útfierd is.

 

Kêst 1.14 Slotbepalingen

  • 1.

    Dizze regeling kin oanhelle wurde as ‘Subsydzjeregeling Sichtberens Frysk en streektalen Noardeast-Fryslân’.

  • 2.

    Dizze regeling begjint yn wurking mei yngong fan de dei folgjend op publikaasje.

  • 3.

    Dizze regeling is fan tapassing op subsydzje-oanfragen foar it jier 2025 en folgjende.

 

Sa besletten yn de kolleezjegearkomste fan 28 oktober 2025

It kolleezje foarsein,

de sekretaris, de boargemaster,

(H.J.C.M. Verbunt MBA) (mr. J.G. Kramer)

Naar boven