Wet fan 7 maaie 2014 ta wiziging fan ûnder mear de Wet op it primêr ûnderwiis, de Wet op it fuortset ûnderwiis en de Wet op de ekspertizesintra yn ferbân mei it ûnderwiis yn de Fryske taal

Wy Willem-Alexander, by de graasje fan God, Kening fan de Nederlannen, Prins fan Oranje-Nassau, ensfh. ensfh. ensfh.

Al wa’t dizze sjen sille of lêzen hearre, salút! dogge te witten:

Sa't Wy yn berie nommen hawwe, dat it mei it each op it prinsipe dat de provinsje Fryslân, dêr't it Frysk as offisjele taal neist it Nederlânsk fungearret, sizzenskip kriget oer it belied oangeande dy taal, winsklik is dat de kearndoelen foar it ûnderwiis yn de Fryske taal yn it primêr ûnderwiis, it fuortset ûnderwiis en it spesjaal ûnderwiis fêststeld wurde troch provinsjale steaten fan Fryslân, en dat op basis fan dy kearndoelen ûnderwiis fersoarge wurdt nei goedkarring fan de Minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip; dat dêrta ûnder mear de Wet op it primêr ûnderwiis, de Wet op it fuortset ûnderwiis en de Wet op de ekspertizesintra wizige wurde moatte;

Sa is it, dat Wy, nei de Ofdieling advisearring fan de Ried fan Steate heard te hawwen, en mei mien oerlis fan de Steaten-Generaal, goedfûn en ferstien hawwe, lykas Wy hjirby goedfine en fersteane:

KEST I. WIZIGING WET OP IT PRIMER UNDERWIIS

Kêst 9 fan de Wet op it primêr ûnderwiis wurdt as folget feroare:

1. It fjirde lid wurdt:

4. Op de skoallen yn de provinsje Fryslân wurdt ek ûnderwiis jûn yn de Fryske taal. Deputearre steaten kinne op fersyk fan it foechhawwend gesach ûnfolsleine of folsleine ûntheffing fan dy ferplichting jaan. Deputearre steaten stelle yn in beliedsregel kritearia fêst foar dy ûnfolsleine en folsleine ûntheffing. It fêststellen bart net earder as nei't deputearre steaten oerlein hawwe mei it Fryske primêr ûnderwiis.

2. Yn it fyfde lid wurdt ‘neamd yn it earste, twadde en fjirde lid’ ferfongen troch: neamd yn it earste en twadde lid.

3. Under it omnûmerjen fan it seisde oant en mei alfde lid yn it njoggende oant en mei fjirtjinde lid, wurde in nij seisde, sânde en achtste lid ynfoege, te witten:

  • 6. Oangeande de ûnderwiisaktiviteit, bedoeld yn it fjirde lid, stelle provinsjale steaten fan Fryslân by feroardering kearndoelen Fryske taal fêst. It fêststellen bart net earder as nei't deputearre steaten oerlein hawwe mei it Fryske primêr ûnderwiis. De feroardering hat de goedkarring nedich fan Us minister. As Us minister it foarnimmen hat om goedkarring te ûnthâlden, fersiket er de Underwiisried om in advys út te bringen. It fersyk befettet in omskriuwing fan de ûnderwerpen dêr't advys oer ferwachte wurdt. It advys wurdt binnen seis wiken útbrocht oan Us minister en wurdt bekend makke. Us minister ynformearret beide Keamers fan de Steaten-Generaal oer syn foarnimmen om al of net goed te karren. Paragraaf 4.1.3.3 fan de Algemiene wet bestjoersrjocht is net fan oerienkomstige tapassing.

  • 7. Us Minister kin goedkarring as bedoeld yn it seisde lid yn alle gefallen ûnthâlde as oan de folgjende betingsten, dêr't deputearre steaten punten foar oandrage, net foldien wurdt:

    • a. it bestean fan foldwaande draachflak yn it Fryske primêr ûnderwiis foar de foarleine kearndoelen Fryske taal;

    • b. dat de kearndoelen Fryske taal net mear ynspanningen fan it Fryske primêr ûnderwiis fergje as it oandiel fan it ûnderwiis yn de Fryske taal yn it totaal oan ûnderwiisaktiviteiten rjochtfeardiget.

  • 8. Us Minister kin goedkarring as bedoeld yn it seisde lid yn alle gefallen ûnthâlde as de kearndoelen Fryske taal gjin omtinken jouwe oan:

    • a. it jin mûnling útdrukken yn it Frysk en it ferstean fan de Frysk sprutsen taal,

    • b. it jin skriftlik útdrukken yn it Frysk en it winnen fan ynformaasje út teksten dy't yn it Frysk steld binne,

    • c. it befoarderjen fan it begripen fan de Fryske taal, en

    • d. it ûntwikkeljen fan in positive hâlding oangeande it brûken fan it Frysk.

4. Yn it tsiende lid (nij) wurdt ‘it fyfde lid’ hieltyd ferfongen troch: it fyfde of seisde lid.

KEST II. WIZIGING WET OP IT FUORTSET UNDERWIIS

Kêst 11e fan de Wet op it fuortset ûnderwiis wurdt:

Kêst 11e. Frysk

  • 1. Op de skoallen yn de provinsje Fryslân wurdt mei it achtslaan fan de dêrfoar fêststelde kearndoelen ek ûnderwiis jûn yn de Fryske taal en kultuer, of it moat wêze dat deputearre steaten op fersyk fan it foechhawwend gesach ûnfolsleine of folsleine ûntheffing fan dy ferplichting jûn hawwe. Deputearre steaten stelle yn in beliedsregel kritearia fêst foar dy ûnfolsleine en folsleine ûntheffing. It fêststellen fan dy kritearia bart net earder as nei't deputearre steaten oerlein hawwe mei it Fryske fuortset ûnderwiis.

  • 2. Provinsjale steaten fan Fryslân stelle de kearndoelen Fryske taal en kultuer, bedoeld yn it earste lid, by feroardering fêst. It fêststellen bart net earder as nei't deputearre steaten oerlein hawwe mei it Fryske fuortset ûnderwiis. De feroardering hat de goedkarring nedich fan Us Minister. As Us Minister it foarnimmen hat om goedkarring te ûnthâlden, fersiket er de Underwiisried om in advys út te bringen. It fersyk befettet in omskriuwing fan de ûnderwerpen dêr't advys oer ferwachte wurdt. It advys wurdt binnen seis wiken útbrocht oan Us Minister en wurdt bekend makke. Us Minister ynformearret beide Keamers fan de Steaten-Generaal oer syn foarnimmen om al of net goed te karren. Paragraaf 4.1.3.3 fan de Algemiene wet bestjoersrjocht is net fan oerienkomstige tapassing.

  • 3. Us Minister kin goedkarring yn alle gefallen ûnthâlde as oan de folgjende betingsten, dêr't deputearre steaten punten foar oandrage, net foldien wurdt:

    • a. it bestean fan foldwaande draachflak yn it Fryske fuortset ûnderwiis foar de foarleine kearndoelen Fryske taal en kultuer;

    • b. dat de kearndoelen Fryske taal en kultuer net mear ynspanningen fergje fan it Fryske fuortset ûnderwiis as it oandiel fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiisprogramma, bedoeld yn kêst 11c, earste lid, rjochtfeardiget.

  • 4. Us Minister kin goedkarring yn alle gefallen ûnthâlde as de kearndoelen Fryske taal en kultuer gjin omtinken jouwe oan:

    • a. it jin mûnling útdrukken yn it Frysk en it ferstean fan de Frysk sprutsen taal,

    • b. it jin skriftlik útdrukken yn it Frysk en it winnen fan ynformaasje út teksten dy't yn it Frysk steld binne,

    • c. it befoarderjen fan it begripen fan de Fryske taal en kultuer, en

    • d. it ûntwikkeljen fan in positive hâlding oangeande it brûken fan it Frysk.

KEST III. WIZIGING WET OP DE EKSPERTIZESINTRA

Kêst 13 fan de Wet op de ekspertizesintra wurdt as folget feroare:

1. Yn it sânde lid wurdt ‘earste oant en mei seisde lid’ ferfongen troch: earste oant en mei fyfde lid.

2. Under it omnûmerjen fan it achtste oant en mei tsiende lid yn it alfde oant en mei trettjinde lid, wurde in nij achtste, njoggende en tsiende lid ynfoege, te witten:

  • 8. Oangeande de ûnderwiisaktiviteit, bedoeld yn it seisde lid, stelle provinsjale steaten fan Fryslân by feroardering kearndoelen Fryske taal fêst, dy't foar de ûnderwiissoarten, bedoeld yn kêst 2, twadde lid, ferskille kinne. It fêststellen bart net earder as nei't deputearre steaten oerlein hawwe mei it Fryske spesjaal ûnderwiis. De feroardering hat de goedkarring nedich fan Us minister. As Us minister it foarnimmen hat om goedkarring te ûnthâlden, fersiket er de Underwiisried om in advys út te bringen. It fersyk befettet in omskriuwing fan de ûnderwerpen dêr't advys oer ferwachte wurdt. It advys wurdt binnen seis wiken útbrocht oan Us minister en wurdt bekend makke. Us minister ynformearret beide Keamers fan de Steaten-Generaal oer syn foarnimmen om al of net goed te karren. Paragraaf 4.1.3.3 fan de Algemiene wet bestjoersrjocht is net fan oerienkomstige tapassing.

  • 9. Us minister kin goedkarring as bedoeld yn it achtste lid yn alle gefallen ûnthâlde as oan de folgjende betingsten, dêr't deputearre steaten punten foar oandrage, net foldien wurdt:

    • a. it bestean fan foldwaande draachflak yn it Fryske spesjaal ûnderwiis foar de foarleine kearndoelen Fryske taal;

    • b. dat de kearndoelen Fryske taal net mear ynspanningen fergje fan it Fryske spesjaal ûnderwiis as it oandiel fan it ûnderwiis yn de Fryske taal yn it totaal oan ûnderwiisaktiviteiten rjochtfeardiget.

  • 10. Us minister kin goedkarring as bedoeld yn it achtste lid yn alle gefallen ûnthâlde as de kearndoelen Fryske taal gjin omtinken jouwe oan:

    • a. it jin mûnling útdrukken yn it Frysk en it ferstean fan de Frysk sprutsen taal,

    • b. it jin skriftlik útdrukken yn it Frysk en it winnen fan ynformaasje út teksten dy't yn it Frysk steld binne,

    • c. it befoarderjen fan it begripen fan de Fryske taal, en

    • d. it ûntwikkeljen fan in positive hâlding oangeande it brûken fan it Frysk.

3. Yn it tolfde lid (nij) wurdt ‘it sânde lid’ hieltyd ferfongen troch: it sânde of achtste lid.

KEST IV. WIZIGING WET OP IT UNDERWIISTAFERSJOCH

De Wet op it ûnderwiistafersjoch wurdt as folget feroare:

A

Oan kêst 8 wurdt in fjirde lid tafoege, te witten:

  • 4. As in rapportaazje as bedoeld yn it earste lid, of in part dêrfan, spesifyk it ûnderwiis yn de Fryske taal of it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer oanbelanget op it gehiel oan skoallen yn it primêr ûnderwiis, fuortset ûnderwiis respektivelik spesjaal ûnderwiis, stjoert de ynspeksje, tagelyk mei it ferstjoeren oan Us Minister, dy rapportaazje respektivelik dat part, yn ôfskrift oan deputearre steaten fan Fryslân.

B

Yn de kêsten 15b en 15m wurdt ‘kêst 8’ hieltyd ferfongen troch: kêst 8, earste oant en mei tredde lid,.

KEST V. WIZIGING YN FERBAN MEI DE WET TA WIZIGING FAN UNDER MEAR DE WET OP DE EXPERTIZESINTRA YN FERBAN MEI DE KWALITEIT FAN IT SPESJAAL EN FUORTSET SPESJAAL UNDERWIIS (STB. 2012, 545)

1. As de kêsten 14c, fyfde lid, en 14f, fjirde lid, fan kêst I, ûnderdiel F, fan de Wet fan 11 oktober 2012 ta wiziging fan ûnder mear de Wet op de ekspertizesintra yn ferbân mei de kwaliteit fan it spesjaal en fuortset spesjaal ûnderwiis (Stb. 2012, 545) earder fan krêft wurden binne of wurde as kêst II fan dizze wet fan 7 maaie 2014, wurdt de Wet op de ekspertizesintra as folget feroare:

A

Kêst 14c wurdt as folget feroare:

1. It fyfde lid wurdt:

5. Op skoallen yn de provinsje Fryslân kin it ûnderwiis yn it útstreamprofyl dat op de arbeidsmerk rjochte is, ek ûnderwiis yn de Fryske taal omfetsje. Foar dat ûnderwiis stelle provinsjale steaten fan Fryslân by feroardering kearndoelen Fryske taal fêst. It fêststellen bart net earder as nei't deputearre steaten oerlein hawwe mei it Fryske fuortset spesjaal ûnderwiis. De feroardering hat de goedkarring nedich fan Us minister. As Us minister it foarnimmen hat om goedkarring te ûnthâlden, fersiket er de Underwiisried om in advys út te bringen. It fersyk befettet in omskriuwing fan de ûnderwerpen dêr't advys oer ferwachte wurdt. It advys wurdt binnen seis wiken útbrocht oan Us minister en wurdt bekend makke. Us minister ynformearret beide Keamers fan de Steaten-Generaal oer syn foarnimmen om al of net goed te karren. Paragraaf 4.1.3.3 fan de Algemiene wet bestjoersrjocht is net fan oerienkomstige tapassing.

2. Under it omnûmerjen fan it seisde oant en mei tsiende lid, yn it achtste oant en mei tolfde lid, wurde in nij seisde en sânde lid ynfoege, te witten:

  • 6. Us minister kin goedkarring as bedoeld yn it fyfde lid yn alle gefallen ûnthâlde as oan de folgjende betingsten, dêr't deputearre steaten punten foar oandrage, net foldien wurdt:

    • a. it bestean fan foldwaande draachflak yn it Fryske fuortset spesjaal ûnderwiis foar de foarleine kearndoelen Fryske taal;

    • b. dat de kearndoelen Fryske taal net mear ynspanningen fergje fan it Fryske fuortset spesjaal ûnderwiis as it oandiel fan it ûnderwiis yn de Fryske taal yn it ûnderwiisprogramma, bedoeld yn it njoggende lid, rjochtfeardiget.

  • 7. Us minister kin goedkarring as bedoeld yn it fyfde lid yn alle gefallen ûnthâlde as de kearndoelen Fryske taal gjin omtinken jouwe oan:

    • a. it jin mûnling útdrukken yn it Frysk en it ferstean fan de Frysk sprutsen taal,

    • b. it jin skriftlik útdrukken yn it Frysk en it winnen fan ynformaasje út teksten dy't yn it Frysk steld binne,

    • c. it befoarderjen fan it begripen fan de Fryske taal, en

    • d. it ûntwikkeljen fan in positive hâlding oangeande it brûken fan it Frysk.

3. Yn it tsiende lid (nij) wurdt ‘it sânde lid’ ferfongen troch: it njoggende lid.

4. Yn it alfde lid (nij) wurdt ‘it sânde lid’ ferfongen troch ‘it njoggende lid’ en wurdt ‘it achtste lid’ ferfongen troch: it tsiende lid.

B

Kêst 14f wurdt as folget feroare:

1. It fjirde lid wurdt:

  • 4. Op skoallen yn de provinsje Fryslân kin it ûnderwiis yn it útstreamprofyl deibesteging ek ûnderwiis yn de Fryske taal omfetsje. Foar dat ûnderwiis stelle provinsjale steaten fan Fryslân by feroardering kearndoelen Fryske taal fêst. It fêststellen bart net earder as nei't deputearre steaten oerlein hawwe mei it Fryske fuortset spesjaal ûnderwiis. De feroardering hat de goedkarring nedich fan Us minister. As Us minister it foarnimmen hat om goedkarring te ûnthâlden, fersiket er de Underwiisried in advys út te bringen. It fersyk befettet in omskriuwing fan de ûnderwerpen dêr't advys oer ferwachte wurdt. It advys wurdt binnen seis wiken útbrocht oan Us minister en wurdt bekend makke. Us minister ynformearret beide Keamers fan de Steaten-Generaal oer syn foarnimmen om al of net goed te karren. Paragraaf 4.1.3.3 fan de Algemiene wet bestjoersrjocht is net fan oerienkomstige tapassing.

2. Under it omnûmerjen fan it fyfde oant en mei achtste lid, yn it sânde oant en mei tsiende lid, wurde in nij fyfde en seisde lid ynfoege, te witten:

  • 5. Us minister kin goedkarring as bedoeld yn it fjirde lid yn alle gefallen ûnthâlde as oan de folgjende betingsten, dêr't deputearre steaten punten foar oandrage, net foldien wurdt:

    • a. it bestean fan foldwaande draachflak yn it Fryske fuortset spesjaal ûnderwiis foar de foarleine kearndoelen Fryske taal;

    • b. dat de kearndoelen Fryske taal net mear ynspanningen fergje fan it Fryske fuortset spesjaal ûnderwiis as it oandiel fan it ûnderwiis yn de Fryske taal yn it ûnderwiisprogramma, bedoeld yn it achtste lid, rjochtfeardiget.

  • 6. Us minister kin goedkarring as bedoeld yn it fjirde lid yn alle gefallen ûnthâlde as de kearndoelen Fryske taal gjin omtinken jouwe oan:

    • a. it jin mûnling útdrukken yn it Frysk en it ferstean fan de Frysk sprutsen taal,

    • b. it jin skriftlik útdrukken yn it Frysk en it winnen fan ynformaasje út teksten dy't yn it Frysk steld binne,

    • c. it befoarderjen fan it begripen fan de Fryske taal, en

    • d. it ûntwikkeljen fan in positive hâlding oangeande it brûken fan it Frysk.

3. Yn it njoggende lid (nij) wurdt ‘it seisde lid’ ferfongen troch: it achtste lid.

4. Yn it tsiende lid (nij) wurdt ‘it seisde lid’ ferfongen troch ‘it achtste lid’ en wurdt ‘it sânde lid’ ferfongen troch: it njoggende lid.

C

Yn kêst 25, earste lid, wurdt ‘de kêsten 14c, sânde lid, en 14f, seisde lid,’ ferfongen troch: de kêsten 14c, njoggende lid, en 14f, achtste lid,.

2. As de kêsten 14c, fyfde lid, en 14f, fjirde lid, fan kêst I, ûnderdiel F, fan de Wet fan 11 oktober 2012 ta wiziging fan ûnder mear de Wet op de ekspertizesintra yn ferbân mei de kwaliteit fan it spesjaal en fuortset spesjaal ûnderwiis (Stb. 2012, 545) letter fan krêft wurde as kêst II fan dizze wet fan 7 maaie 2014, wurdt earstneamde wet as folget feroare:

A

Kêst I, ûnderdiel F, kêst 14c, wurdt as folget feroare:

1. It fyfde lid wurdt:

  • 5. Op skoallen yn de provinsje Fryslân kin it ûnderwiis yn it útstreamprofyl dat op de arbeidsmerk rjochte is, ek ûnderwiis yn de Fryske taal omfetsje. Foar dat ûnderwiis stelle provinsjale steaten fan Fryslân by feroardering kearndoelen Fryske taal fêst. It fêststellen bart net earder as nei't deputearre steaten oerlein hawwe mei it Fryske fuortset spesjaal ûnderwiis. De feroardering hat de goedkarring nedich fan Us minister. As Us minister it foarnimmen hat om goedkarring te ûnthâlden, fersiket er de Underwiisried om in advys út te bringen. It fersyk befettet in omskriuwing fan de ûnderwerpen dêr't advys oer ferwachte wurdt. It advys wurdt binnen seis wiken útbrocht oan Us minister en wurdt bekend makke. Us minister ynformearret beide Keamers fan de Steaten-Generaal oer syn foarnimmen om al of net goed te karren. Paragraaf 4.1.3.3 fan de Algemiene wet bestjoersrjocht is net fan oerienkomstige tapassing.

2. Under it omnûmerjen fan it seisde oant en mei tsiende lid, yn it achtste oant en mei tolfde lid, wurde in nij seisde en sânde lid ynfoege, te witten:

  • 6. Us minister kin goedkarring as bedoeld yn it fyfde lid yn alle gefallen ûnthâlde as oan de folgjende betingsten, dêr't deputearre steaten punten foar oandrage, net foldien wurdt:

    • a. it bestean fan foldwaande draachflak yn it Fryske fuortset spesjaal ûnderwiis foar de foarleine kearndoelen Fryske taal;

    • b. dat de kearndoelen Fryske taal net mear ynspanningen fergje fan it Fryske fuortset spesjaal ûnderwiis as it oandiel fan it ûnderwiis yn de Fryske taal yn it ûnderwiisprogramma, bedoeld yn it njoggende lid, rjochtfeardiget.

  • 7. Us minister kin goedkarring as bedoeld yn it fyfde lid yn alle gefallen ûnthâlde as de kearndoelen Fryske taal gjin omtinken jouwe oan:

    • a. it jin mûnling útdrukken yn it Frysk en it ferstean fan de Frysk sprutsen taal,

    • b. it jin skriftlik útdrukken yn it Frysk en it winnen fan ynformaasje út teksten dy't yn it Frysk steld binne,

    • c. it befoarderjen fan it begripen fan de Fryske taal, en

    • d. it ûntwikkeljen fan in positive hâlding oangeande it brûken fan it Frysk.

3. Yn it tsiende lid (nij) wurdt ‘it sânde lid’ ferfongen troch: it njoggende lid.

4. Yn it alfde lid (nij) wurdt ‘it sânde lid’ ferfongen troch ‘it njoggende lid’ en wurdt ‘it achtste lid’ ferfongen troch: it tsiende lid.

B

Kêst I, ûnderdiel F, kêst 14f, wurdt as folget feroare:

1. It fjirde lid wurdt:

  • 4. Op skoallen yn de provinsje Fryslân kin it ûnderwiis yn it útstreamprofyl deibesteging ek ûnderwiis yn de Fryske taal omfetsje. Foar dat ûnderwiis stelle provinsjale steaten fan Fryslân by feroardering kearndoelen Fryske taal fêst. It fêststellen bart net earder as nei't deputearre steaten oerlein hawwe mei it Fryske fuortset spesjaal ûnderwiis. De feroardering hat de goedkarring nedich fan Us minister. As Us minister it foarnimmen hat om goedkarring te ûnthâlden, fersiket er de Underwiisried om in advys út te bringen. It fersyk befettet in omskriuwing fan de ûnderwerpen dêr't advys oer ferwachte wurdt. It advys wurdt binnen seis wiken útbrocht oan Us minister en wurdt bekend makke. Us minister ynformearret beide Keamers fan de Steaten-Generaal oer syn foarnimmen om al of net goed te karren. Paragraaf 4.1.3.3 fan de Algemiene wet bestjoersrjocht is net fan oerienkomstige tapassing.

2. Under it omnûmerjen fan it fyfde oant en mei achtste lid, yn it sânde oant en mei tsiende lid, wurde in nij fyfde en seisde lid ynfoege, te witten:

  • 5. Us minister kin goedkarring as bedoeld yn it fjirde lid yn alle gefallen ûnthâlde as oan de folgjende betingsten, dêr't deputearre steaten punten foar oandrage, net foldien wurdt:

    • a. it bestean fan foldwaande draachflak yn it Fryske fuortset spesjaal ûnderwiis foar de foarleine kearndoelen Fryske taal;

    • b. dat de kearndoelen Fryske taal net mear ynspanningen fergje fan it Fryske fuortset spesjaal ûnderwiis as it oandiel fan it ûnderwiis yn de Fryske taal yn it ûnderwiisprogramma, bedoeld yn it achtste lid, rjochtfeardiget.

  • 6. Us minister kin goedkarring as bedoeld yn it fjirde lid yn alle gefallen ûnthâlde as de kearndoelen Fryske taal gjin omtinken jouwe oan:

    • a. it jin mûnling útdrukken yn it Frysk en it ferstean fan de Frysk sprutsen taal,

    • b. it jin skriftlik útdrukken yn it Frysk en it winnen fan ynformaasje út teksten dy't yn it Frysk steld binne,

    • c. it befoarderjen fan it begripen fan de Fryske taal, en

    • d. it ûntwikkeljen fan in positive hâlding oangeande it brûken fan it Frysk.

3. Yn it njoggende lid (nij) wurdt ‘it seisde lid’ ferfongen troch: it achtste lid.

4. Yn it tsiende lid (nij) wurdt ‘it seisde lid’ ferfongen troch ‘it achtste lid’ en wurdt ‘it sânde lid’ ferfongen troch: it njoggende lid.

C

Kêst VIII, earste lid, wurdt as folget feroare:

1. Yn ûnderdiel B wurdt ‘It sânde lid’ ferfongen troch ‘It njoggende lid’, wurdt de lidoantsjutting ‘7.’ ferfongen troch ‘9.’ en wurdt ‘it achtste en njoggende lid’ ferfongen troch: it tsiende en alfde lid.

2. Yn ûnderdiel C wurdt ‘It seisde lid’ ferfongen troch ‘It achtste lid’, wurdt de lidoantsjutting ‘6.’ ferfongen troch ‘8.’ en wurdt ‘it sânde en achtste lid’ ferfongen troch: it njoggende en tsiende lid.

3. Yn ûnderdiel K1 wurdt yn kêst 25, earste lid, de passaazje ‘de kêsten 14c, sânde lid, en 14f, seisde lid,’ ferfongen troch: de kêsten 14c, njoggende lid, en 14f, achtste lid,.

KEST VI. GEARRIN FAN KEST I MEI DE WET REFERINSJENIVO’S NEDERLANSKE TAAL EN REKKENJEN (STB. 2010, 194), DE WET FAN 19 APRIL 2012 TA WIZIGING FAN DE WET OP IT PRIMER UNDERWIIS YN FERBAN MEI DE WETLIKE FERANKERING FAN OFDIELINGEN FOAR YNTERNASJONAAL ORIINTEARRE BASISUNDERWIIS (STB. 2012, 216) EN DE WET FAN 11 OKTOBER 2012 TA WIZIGING FAN INKELDE UNDERWIISWETTEN YN FERBAN MEI IN FEROARING FAN DE ORGANISAASJE EN FINANSIERING FAN DE STIPE OAN LEARLINGEN YN IT BASISUNDERWIIS, SPESJAAL EN FUORTSET SPESJAAL UNDERWIIS, FUORTSET UNDERWIIS EN BEROPSUNDERWIIS (STB. 2012, 533)

1. As kêst I fan dizze wet earder fan krêft wurdt as kêst I, ûnderdiel C, fan de Wet fan 11 oktober 2012 ta wiziging fan inkelde ûnderwiiswetten yn ferbân mei it feroarjen fan de organisaasje en finansiering fan de stipe oan learlingen yn it basisûnderwiis, spesjaal en fuortset spesjaal ûnderwiis, fuortset ûnderwiis en beropsûnderwiis (Stb. 2012, 533), wurdt yn niisneamd kêst I, ûnderdiel C, de passaazje ‘Yn kêst 9, seisde lid,’ ferfongen troch: Yn kêst 9, njoggende lid,.

2. As kêst I fan dizze wet earder fan krêft wurdt as kêst 3 fan de Wet referinsjenivo's Nederlânske taal en rekkenjen (Stb. 2010, 194), wat it njoggende lid oanbelanget, en ek earder as kêst I, ûnderdiel B, fan de Wet fan 19 april 2012 ta wiziging fan de Wet op it primêr ûnderwiis yn ferbân mei de wetlike ferankering fan ôfdielingen foar ynternasjonaal oriïntearre basisûnderwiis (Stb. 2012, 216), wurdt yn kêst 3 fan de Wet referinsjenivo's Nederlânske taal en rekkenjen (Stb. 2010, 194) de oanhef ferfongen troch ‘Yn kêst 9 fan de Wet op it primêr ûnderwiis wurdt it tolfde lid as folget:’ en wurdt de lidoantsjutting ‘9.’ ferfongen troch ‘12.’, wurdt yn kêst 7 fan de Wet referinsjenivo's Nederlânske taal en rekkenjen (Stb. 2010, 194), ‘njoggende lid’ ferfongen troch ‘tolfde lid’, en wurdt yn kêst I, ûnderdiel B, fan de Wet fan 19 april 2012 ta wiziging fan de Wet op it primêr ûnderwiis yn ferbân mei de wetlike ferankering fan ôfdielingen foar ynternasjonaal oriïntearre basisûnderwiis (Stb. 2012, 216) de oanhef ferfongen troch ‘Yn kêst 9 wurdt ûnder it omnûmerjen fan it fjirtjinde lid yn fyftjinde lid it neikommende lid ynfoege:’, wurdt de lidoantsjutting ‘11.’ ferfongen troch ‘14.’ en wurdt de passaazje ‘Yn ôfwiking fan it tsiende lid’ ferfongen troch: Yn ôfwiking fan it trettjinde lid.

3. As kêst I fan dizze wet letter fan krêft wurdt as kêst 3 fan de Wet referinsjenivo's Nederlânske taal en rekkenjen (Stb. 2010, 194), wat it njoggende lid oanbelanget, mar earder as kêst I, ûnderdiel B, fan de Wet fan 19 april 2012 ta wiziging fan de Wet op it primêr ûnderwiis yn ferbân mei de wetlike ferankering fan ôfdielingen foar ynternasjonaal oriïntearre basisûnderwiis (Stb. 2012, 216), wurdt yn kêst 1a1, earste lid, ûnderdiel a, fan de Learplichtwet 1969 ‘njoggende lid’ ferfongen troch ‘tolfde lid’, en wurdt yn kêst I, ûnderdiel B, fan de Wet fan 19 april 2012 ta wiziging fan de Wet op it primêr ûnderwiis yn ferbân mei de wetlike ferankering fan ôfdielingen foar ynternasjonaal oriïntearre basisûnderwiis (Stb. 2012, 216), de oanhef ferfongen troch ‘Yn kêst 9 wurdt ûnder it omnûmerjen fan it fjirtjinde lid yn fyftjinde lid it neikommende lid ynfoege:’, wurdt de lidoantsjutting ‘11.’ ferfongen troch ‘14.’ en wurdt de passaazje ‘Yn ôfwiking fan it tsiende lid’ ferfongen troch: Yn ôfwiking fan it trettjinde lid.

4. As kêst I fan dizze wet letter fan krêft wurdt as kêst 3 fan de Wet referinsjenivo's Nederlânske taal en rekkenjen (Stb. 2010, 194), wat it njoggende lid oanbelanget, en ek letter as kêst I, ûnderdiel B, fan de Wet fan 19 april 2012 ta wiziging fan de Wet op it primêr ûnderwiis yn ferbân mei de wetlike ferankering fan ôfdielingen foar ynternasjonaal oriïntearre basisûnderwiis (Stb. 2012, 216), wurdt yn kêst I fan dizze wet fan 7 maaie 2014, yn de oanhef fan it tredde lid ‘alfde lid’ ferfongen troch ‘tolfde lid’ en wurdt ‘fjirtjinde lid’ ferfongen troch ‘fyftjinde lid’, en wurdt nei it fjirde lid it neikommende lid tafoege:

  • 5. Yn it fjirtjinde lid (nij) wurdt ‘tsiende lid’ ferfongen troch ‘trettjinde lid.’, en wurdt yn kêst 1a1, earste lid, ûnderdiel a, fan de Learplichtwet 1969 ‘njoggende lid’ ferfongen troch ‘tolfde lid’.

5. As kêst I fan dizze wet letter fan krêft wurdt as kêst I, ûnderdiel B, fan de Wet fan 19 april 2012 ta wiziging fan de Wet op it primêr ûnderwiis yn ferbân mei de wetlike ferankering fan ôfdielingen foar ynternasjonaal oriïntearre basisûnderwiis (Stb. 2012, 216), mar earder as kêst 3 fan de Wet referinsjenivo's Nederlânske taal en rekkenjen (Stb. 2010, 194), wat it njoggende lid oanbelanget, wurdt yn kêst 3 fan de Wet referinsjenivo's Nederlânske taal en rekkenjen (Stb. 2010, 194) de oanhef ferfongen troch ‘Yn kêst 9 fan de Wet op it primêr ûnderwiis wurdt it tolfde lid as folget:’ en wurdt de lidoantsjutting ‘9.’ ferfongen troch ‘12.’, wurdt yn kêst 7 fan de de Wet referinsjenivo's Nederlânske taal en rekkenjen (Stb. 2010, 194) ‘njoggende lid’ ferfongen troch ‘tolfde lid’, en wurdt yn kêst I fan dizze wet fan 7 maaie 2014, yn de oanhef fan it tredde lid ‘alfde lid’ ferfongen troch ‘tolfde lid’ en wurdt ‘fjirtjinde lid’ ferfongen troch ‘fyftjinde lid’, en wurdt nei it fjirde lid it neikommende lid tafoege:

5. Yn it fjirtjinde lid (nij) wurdt ‘tsiende lid’ ferfongen troch: trettjinde lid.

KEST VII. GEARRIN FAN KEST II MEI DE WET FAN 11 OKTOBER 2012 TA WIZIGING FAN UNDER MEAR DE WET OP DE EKSPERTIZESINTRA YN FERBAN MEI DE KWALITEIT FAN IT SPESJAAL EN FUORTSET SPESJAAL UNDERWIIS (STB. 2012, 545)

1. As kêst II fan dizze wet earder fan krêft wurdt as kêst I, ûnderdiel F, fan de Wet fan 11 oktober 2012 ta wiziging fan ûnder mear de Wet op de ekspertizesintra yn ferbân mei de kwaliteit fan it spesjaal en fuortset spesjaal ûnderwiis (Stb. 2012, 545), wurdt dy wet as folget feroare:

A

Yn kêst I, ûnderdiel F, wurdt kêst 14a, twadde lid, as folget feroare:

1. Yn ûnderdiel c wurdt ", en" ferfongen troch in puntkomma.

2. Yn ûnderdiel d wurdt oan de ein de punt ferfongen troch:, en.

3. Nei ûnderdiel d wurdt it neikommende ûnderdiel tafoege:

  • e. provinsjale steaten fan Fryslân by feroardering kearndoelen Fryske taal en kultuer fêststelle kinne yn ôfwiking fan de kearndoelen Fryske taal en kultuer dy't fêststeld binne op grûn fan kêst 11e fan de Wet op it fuortset ûnderwiis, op betingst dat op dy feroardering kêst 11e fan de Wet op it fuortset ûnderwiis fan oerienkomstige tapassing is.

B

Yn kêst II, ûnderdiel A, wurdt yn kêst 59a, ûnder it omnûmerjen fan it fyfde lid yn it seisde lid, nei it fjirde lid it neikommende lid ynfoege:

  • 5. Oangeande in op grûn fan it earste lid oanwiisde skoalle kinne provinsjale steaten fan Fryslân by feroardering kearndoelen Fryske taal en kultuer fêststelle yn ôfwiking fan de kearndoelen Fryske taal en kultuer dy't fêststeld binne op grûn fan kêst 11e, op betingst dat op dy feroardering kêst 11e fan oerienkomstige tapassing is.

2. As kêst II fan dizze wet letter fan krêft wurdt as kêst I, ûnderdiel F, fan de Wet fan 11 oktober 2012 ta wiziging fan ûnder mear de Wet op de ekspertizesintra yn ferbân mei de kwaliteit fan it spesjaal en fuortset spesjaal ûnderwiis (Stb. 2012, 545), wurde de folgjende wizigingen oanbrocht:

A

Kêst 14a, twadde lid, fan de Wet op de ekspertizesintra wurdt as folget feroare:

1. Yn ûnderdiel c wurdt ", en" ferfongen troch in puntkomma.

2. Yn ûnderdiel d wurdt oan de ein de punt ferfongen troch:, en.

3. Nei ûnderdiel d wurdt it neikommende ûnderdiel tafoege:

  • e. provinsjale steaten fan Fryslân by feroardering kearndoelen Fryske taal en kultuer fêststelle kinne yn ôfwiking fan de kearndoelen Fryske taal en kultuer dy't fêststeld binne op grûn fan kêst 11e fan de Wet op it fuortset ûnderwiis, op betingst dat op dy feroardering kêst 11e fan de Wet op it fuortset ûnderwiis fan oerienkomstige tapassing is.

B

Yn kêst 59a fan de Wet op it fuortset ûnderwiis wurdt ûnder it omnûmerjen fan it fyfde lid yn it seisde lid, nei it fjirde lid it neikommende lid ynfoege:

  • 5. Oangeande in op grûn fan it earste lid oanwiisde skoalle kinne provinsjale steaten fan Fryslân by feroardering kearndoelen Fryske taal en kultuer fêststelle yn ôfwiking fan de kearndoelen Fryske taal en kultuer dy't fêststeld binne op grûn fan kêst 11e, op betingst dat op dy feroardering kêst 11e fan oerienkomstige tapassing is.

KEST VIII. GEARRIN FAN KEST III MEI DE WET REFERINSJENIVO’S NEDERLANSKE TAAL EN REKKENJEN (STB. 2010, 194) EN DE WET FAN 11 OKTOBER 2012 TA WIZIGING FAN UNDER MEAR DE WET OP DE EKSPERTIZESINTRA YN FERBAN MEI DE KWALITEIT FAN IT SPESJAAL EN FUORTSET SPESJAAL UNDERWIIS (STB. 2012, 545)

1. As kêst III fan dizze wet earder fan krêft wurdt as kêst I, ûnderdiel D, fan de Wet fan 11 oktober 2012 ta wiziging fan ûnder mear de Wet op de ekspertizesintra yn ferbân mei de kwaliteit fan it spesjaal en fuortset spesjaal ûnderwiis (Stb. 2012, 545) en ek earder as kêst 4 fan de Wet referinsjenivo's Nederlânske taal en rekkenjen (Stb. 2010, 194), wat it alfde lid oanbelanget, wurdt yn kêst I, ûnderdiel D, fan de Wet fan 11 oktober 2012 ta wiziging fan ûnder mear de Wet op de ekspertizesintra yn ferbân mei de kwaliteit fan it spesjaal en fuortset spesjaal ûnderwiis (Stb. 2012, 545) de passaazje ‘Yn it achtste lid’ ferfongen troch ‘Yn it alfde lid’, en wurdt yn kêst 4 fan de Wet referinsjenivo's Nederlânske taal en rekkenjen (Stb. 2010, 194) de oanhef ferfongen troch ‘Oan kêst 13 fan de Wet op de ekspertizesintra wurdt nei it trettjinde lid it neikommende lid tafoege:’, en wurdt de lidoantsjutting ‘11.’ ferfongen troch ‘14.’.

2. As kêst III fan dizze wet letter fan krêft wurdt as kêst I, ûnderdiel D, fan de Wet fan 11 oktober 2012 ta wiziging fan ûnder mear de Wet op de ekspertizesintra yn ferbân mei de kwaliteit fan it spesjaal en fuortset spesjaal ûnderwiis (Stb. 2012, 545), mar earder as kêst 4 fan de Wet referinsjenivo's Nederlânske taal en rekkenjen (Stb. 2010, 194), wat it alfde lid oanbelanget, wurdt yn kêst 4 fan de Wet referinsjenivo's Nederlânske taal en rekkenjen (Stb. 2010, 194) de oanhef ferfongen troch ‘Oan kêst 13 fan de Wet op de ekspertizesintra wurdt nei it trettjinde lid it neikommende lid tafoege:’, en wurdt de lidoantsjutting ‘11.’ ferfongen troch ‘14.’.

3. As kêst III fan dizze wet letter fan krêft wurdt as kêst I, ûnderdiel D, fan de Wet fan 11 oktober 2012 ta wiziging fan ûnder mear de Wet op de ekspertizesintra yn ferbân mei de kwaliteit fan it spesjaal en fuortset spesjaal ûnderwiis (Stb. 2012, 545) en ek letter as kêst 4 fan de Wet referinsjenivo's Nederlânske taal en rekkenjen (Stb. 2010, 194), wat it alfde lid oanbelanget, wurdt yn kêst III fan dizze wet fan 7 maaie 2014 de oanhef fan it twadde lid as folget:

Under it omnûmerjen fan it achtste oant en mei alfde lid yn it alfde oant en mei fjirtjinde lid, wurde in nij achtste, njoggende en tsiende lid ynfoege, te witten:.

4. As kêst III fan dizze wet letter fan krêft wurdt as kêst 4 fan de Wet referinsjenivo's Nederlânske taal en rekkenjen (Stb. 2010, 194), wat it alfde lid oanbelanget, mar earder as kêst I, ûnderdiel D, fan de Wet fan 11 oktober 2012 ta wiziging fan ûnder mear de Wet op de ekspertizesintra yn ferbân mei de kwaliteit fan it spesjaal en fuortset spesjaal ûnderwiis (Stb. 2012, 545), wurdt yn kêst I, ûnderdiel D, fan de Wet fan 11 oktober 2012 ta wiziging fan ûnder mear de Wet op de ekspertizesintra yn ferbân mei de kwaliteit fan it spesjaal en fuortset spesjaal ûnderwiis (Stb. 2012, 545) de passaazje ‘Yn it achtste lid’ ferfongen troch ‘Yn it alfde lid’, en wurdt yn kêst III fan dizze wet fan 7 maaie 2014 de oanhef fan it twadde lid as folget:

Under it omnûmerjen fan it achtste oant en mei alfde lid yn it alfde oant en mei fjirtjinde lid, wurde in nij achtste, njoggende en tsiende lid ynfoege, te witten:.

KEST IX. GEARRIN FAN KEST IV MEI DE WET FAN 11 0KTOBER 2012 TA WIZIGING FAN INKELDE UNDERWIISWETTEN YN FERBAN MEI IT FEROARJEN FAN DE ORGANISAASJE EN FINANSIERING FAN DE STIPE OAN LEARLINGEN YN IT BASISUNDERWIIS, SPESJAAL EN FUORTSET SPESJAAL UNDERWIIS, FUORTSET UNDERWIIS EN BEROPSUNDERWIIS (STB. 2012, 533)

As kêst IV, ûnderdiel B, fan dizze wet earder fan krêft wurdt as kêst VI, ûnderdiel C, kêst 15b, fan de Wet fan 11 oktober 2012 ta wiziging fan inkelde ûnderwiiswetten yn ferbân mei it feroarjen fan de organisaasje en finansiering fan de stipe oan learlingen yn it basisûnderwiis, spesjaal en fuortset spesjaal ûnderwiis, fuortset ûnderwiis en beropsûnderwiis (Stb. 2012, 533), wurdt yn lêstneamde wet yn kêst VI, ûnderdiel C, kêst 15b, de passaazje ‘kêst 8’ ferfongen troch: kêst 8, earste oant en mei tredde lid,.

KEST X. OERGONGSRJOCHT

Oant it tiidstip dat foar it earst kearndoelen fan krêft wurde dy't fêststeld binne troch provinsjale steaten fan Fryslân neffens de dêrta yn kêst I, kêst II, kêst III respektivelik kêst V opnommen proseduere, binne yn ôfwiking fan dy kêsten de kearndoelen Fryske taal en de kearndoelen Fryske taal en kultuer fan tapassing op de te ûnderskieden soarten ûnderwiis, sa't dy kearndoelen jilden oant it tiidstip dat dy kêsten fan krêft wurde.

KEST XI. PUBLIKAASJE FRYSKE OERSETTING

Us Minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip soarget foar in oersetting yn de Fryske taal fan dizze wet, mei útsûndering fan de kêsten XIA en XIB, en pleatst dy yn de Staatscourant.

KEST XII. FAN KREFT WURDEN

Dizze wet giet yn op in by keninklik beslút fêst te stellen tiidstip, dat foar de ûnderskate kêsten of ûnderdielen dêrfan ferskillend fêststeld wurde kin.

Drage op dat dizze yn it Steatsblêd pleatst wurde sil en dat alle ministearjes, autoriteiten, kolleezjes en amtners wa’t soks oangiet, de hân hâlde sille oan de sekuere útfiering.

Jûn yn Wassenaar, 7 maaie 2014

Willem-Alexander

De Steatssekretaris fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, S. Dekker

De Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes, R.H.A. Plasterk

De Steatssekretaris fan Ekonomyske Saken, S.A.M. Dijksma

Utjûn de fjirde juny 2014

De Minister fan Feilichheid en Justysje, I.W. Opstelten

Naar boven