Beneamingsbeslút vice-foarsitter Konsultatyf Orgaan Fryske taal

De Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes,

Mei it each op it brief fan it Konsultatyf Orgaan Fryske taal fan 14 febrewaris 2006;

Mei it each op kêst 3 fan it Ynstellingsbeslút Konsultatyf Orgaan Fryske taal (Stcrt. 1998, nû. 33; 2002; nû. 62);

Mei it each op kêst 3 fan it Beneamingsbeslút Konsultatyf Orgaan Fryske taal (Stcrt. 2002, nû. 62);

Beslút:

Kêst 1

Ta vice-foarsitter en tagelyk ek ta lid fan it Konsultatyf Orgaan Fryske taal wurdt beneamd: de hear A.A.M. Brok, wenjend yn Snits.

Kêst 2

Neffens it bepaalde yn kêst 3, fjirde lid, fan niisneamd Ynstellingsbeslút wurdt de hear Brok beneamd foar in perioade fan fjouwer jier.

Kêst 3

Dit beslút giet yn op de twadde dei nei de datum fan útjefte fan de Staatscourant dêr’t it yn pleatst wurdt en wurket werom oant en mei 14 maart 2006.

’s-Gravenhage, 18 july 2006.
De Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes,
ut syn namme,
L.A.M. van Halder,
direkteur-generaal Keninkryksrelaasjes en Bestjoer.

Naar boven