Beslút ta fêststelling fan subsydzjeplafonds en iepenstellings fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân foar de paragrafen 5.1 (Grutskalige sporteveneminten) en 5.2 (Fryske sporten) dy’t heart by it beslút fan Deputearre Steaten fan 15 desimber 2020.

 

 

Deputearre Steaten stelle foar de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân de neikommende subsydzjeplafonds en iepenstellings fêst:

 

Paragraaf 5.1 Grutskalige sporteveneminten

a. Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 5.1.2 kinne fan 4 jannewaris 2021 oant en mei 29 oktober 2021 yntsjinne wurde.

b. ¬It subsydzjeplafond is € 80.000, jildt fan 4 jannewaris 2021 oant en mei 29 oktober 2021.

c. De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 5.1.8 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

 

Paragraaf 5.2 Fryske sporten

a. Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 5.2.2 kinne fan 4 jannewaris 2021 oant en mei 29 oktober 2021 yntsjinne wurde.

b. ¬It subsydzjeplafond is € 60.000, jildt fan 4 jannewaris 2021 oant en mei 29 oktober 2021.

c. De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 5.2.8 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

 

Dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal blad, dêr’t it yn pleatst is.

 

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 15 desimber 2020.

 

 

Foarsitter drs. A.A.M. Brok

Sekretaris R.E. Bouius - Riemersma, MBA MCM

Naar boven