Beslút ta fêststelling fan subsydzjeplafonds en iepenstellings fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân foar de paragrafen 5.1 (Grutskalige sporteveneminten) en 5.2 (Fryske sporten) dy’t heart by it beslút fan Deputearre Steaten fan 10 desimber 2019, mei skaaimerk 01718663.

 

 

Deputearre Steaten stelle foar de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân de neikommende subsydzjeplafonds en iepenstellings fêst:

 

Paragraaf 5.1 Grutskalige sporteveneminten

a. Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 5.1.2 kinne fan 2 jannewaris 2020 oant en mei 30 oktober 2020 yntsjinne wurde.

b. ¬It subsydzjeplafond is € 110.000, jildt fan 2 jannewaris 2020 oant en mei 30 oktober 2020.

c. De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 5.1.8 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

 

Paragraaf 5.2 Fryske sporten

a. Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 5.2.2 kinne fan 2 jannewaris 2020 oant en mei 30 oktober 2020 yntsjinne wurde.

b. ¬It subsydzjeplafond is € 70.000, jildt fan 2 jannewaris 2020 oant en mei 30 oktober 2020.

c. De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 5.2.8 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

 

 

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 10 desimber 2019.

 

 

 

Foarsitter drs. A.A.M. Brok

Sekretaris R.E. Bouius - Riemersma, MBA MCM

Naar boven